Duorsumens

logo.ensafh

Hjoed moast ik ynienen tinke oan ús pake, dy’t feehanneler wie. Om’t er frjemde wurktiden hie, wie er eins noait mei itenstiid thús.
Yn de jierren sechstich en santich fan de foarige ieu wiene der yn pake syn hûs gjin gaskachels, en al hielendal gjin sintrale ferwaarming. Hy hie houtkachels. Twa. Ien yn de foarkeamer en ien yn de achterkeamer. Yn de keuken, it klompehok en boppen wie der gjin ferwaarming. Beppe hie op it graniten oanrjocht wol in twapitsgassteltsje op butagas te stean, en fierders hie se twa petroaljesteltsjes om iten op te sieden of der waarm op te hâlden.… Lês fierder

By it wurk fan Koos van der Sloot

logo.ensafh

Begjin dit jier, 4 jannewaris, iepene yn  Mueum Joure op ‘e Jouwer de eksposysje ‘Tijdschalen’ fan Koos van der Sloot. Syn nijste wurk, ek wol ‘egg-scapes’ neamd, giet foar in part oer tiid syn omgongen. Der binne  de prehistoaryske ynsekten dy’t út see wei it lân op krûpe en der binne de doppen fan aaien dêr’t miggen en maden út op flogge.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Fear

logo.ensafh
De Rie fan de Fryske beweging rikt sa no en dan in fear út.Sij folge dêrmei de siswize : immen in fear yn de broek (?)stekke.Dat docht dy Rie bij minsken en ynstansjes dy’t de Fryske taal befoarderje.Juster stie yn de krante dat in ortodontist yn Ljouwert de fear krigen hat.Neffens de krante “omdat dy de klanten yn it Frysk oansprekt, de ynformaasje yn it Frysk jout, in frysktalige wepside hat en omdat de oanwiisbuordsjes ek yn it Frysk binne”.

Lês fierder by Aant HofstraLês fierder

Ferried en deaswijen

logo.ensafh

Moarn mei ik opus 6 yn it ljocht jaan. In feestje. En in ôfskied tagelyk. Nei de yn ferried en deaswijen om hals en kiel brochte leafdeslyryk fan opus 5 – och, it binne mar wurden ommers – no in ôfskied fan, en yn, 23 gedichten dy’t op harsels al in ôfskied binne.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder