Op freed 15 jannewaris liedt It Skriuwersboun 2010 yn mei in nijjiersgearsit.
Neist de tradisjonele taspraak fan foarsitter Koos Tiemersma, sil Louw Dykstra fan útjouwerij Bornmeer wat fertelle oer de ûntjouwing fan it e-book en de gefolgen foar de (Frysktalige) skriuwerij (ûnder foarbehâld).
Fierder kinne wy mei-inoar yn ’e kunde komme,
âlde bannen oanhelje,
bekenden moetsje,
in praatsje meitsje
en fansels drinke op it nije jier dat foar ús leit.
Lid of net, jong of âld, elkenien is fan herte wolkom op freed 15 jannewaris, jûns om 20 oere yn kafee Wouters, Sophialaan 5, te Ljouwert (foar it stasjon oer).… Lês fierder