Skermer

Snie

logo.ensafh

Earste dei

Der leit snie. De ôfrûne nacht is it fallen. Der leit sa’n tweintich sintimeter. Op ’e tûken richels fan twa oant fjouwer sentimeter. Ik ha noch neat dien oan it paad. Us hiem en it strjitsje lizze ûnder in sljochte wite tekken. Ik bin yn in lyryske stimming. It is de earste snie fan dizze winter. De earste snie en fuortdaliks in hiele laach dy’t de wrâld bedekt! Sa’n begjin makket yndruk.

Ik sjoch nei myn eigen hiem ûnder ’e snie, mar tagelyk ha ik fjouwer oare winterbylden foar my: de Midsieuske miniatuer by febrewaris fan de bruorren Van Limburg, twa 16e ieuske winterlânskippen fan Pieter Bruegel de Alde (‘Winterlânskip mei in fûgelfal’ en De jagers yn ’e snie) en ien (it makket neat út hokker) fan ’e winterlânskippen mei iiswilletafriel van Hendrick Avercamp.… Lês fierder

Bruorren Kleefstra nominearre

logo.ensafh

Romke, mijn broer, en ik zijn genomineerd voor de publieksprijs 2009 Friese POPawards. Een beetje vreemd, want het enige dat we ontberen is publiek en popmuziek maken we al helemaal niet, maar goed. Het lijkt ons geweldig als wij, als anti-poppers en ook nog met poezie, deze prijs in de wacht gaan slepen. Degene die de meeste stemmen binnenhaalt, wint de prijs. Ik zou jullie willen vragen een stem op ons uit te brengen. Dat kan heel eenvoudig vanaf 9 december tot 16 december via http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/cultregio/article5532633.ece/Popawards%3A-stemmen-op-de-LC-publieksprijs%21. Ik zou het geweldig vinden als jullie dit willen doen.

Met nog iets meer gunst zou ik jullie ook willen vragen om familie, vrienden, kennissen, collega’s, muziekliefhebbers, enz te willen vragen hetzelfde te doen.… Lês fierder

Something is rotten in the state of Denmark

logo.ensafh

Wat moai net. Kopenhagen…..dat it sa goed slagge is. Ik fyn it in prima ôfspraak; dat de wrâld net mear as 2 graden opwaarmje mei. Punt, wat tinkt dy wrâld wol net. Nee, dit sil him leare. Twa graden noch, en dan is ’t oer. Ophâlde dermei. Ja, je moatte as minske sa no en dan op ‘e poat spylje, want dy natuer dy docht mar. Mar mei troch al dy ienriedigens dêre yn Kopenhagen sil ek de wrâld no dochs wol witte dat it sa net langer kin.

Mei dat yn gedachten wol ik graach ek noch wat ôfspraken meitsje en ik ferwachtsje dat elkenien him der ek oan hâlde sil.Lês fierder

Freezing Mickey

logo.ensafh

Friezen hebben last van een wonderlijke kwaal: de gekoesterde miskening . Dit gevoel manifesteert zich niet alleen in de bovenmatige waardering voor de eigen taal, het is ook herkenbaar in een getroebleerd zelfbeeld, waarin zelfonderschatting en  -overschatting elkaar voortdurend naar de kroon steken. Dit leidt niet zelden tot een soort struisvogelpolitiek, tot het cultiveren van onvervulbare wensen, tot mystificaties van het verleden, die als inspiratiebron gaan dienen voor een wellicht nooit te realiseren ideaal in de toekomst. Het is ook herkenbaar in een voorliefde voor  bovenmenselijke krachtsinspanningen, die veel heroïek maar in feite weinig profijt opleveren.

Het is de stilte rond het onbegrepen heldendom.… Lês fierder

Goodbye Skriuwersbounbestjoer

logo.ensafh

Ta myn ferbjustering wurdt der yn it ferslach fan de bestjoersgearkomste fan It Skriuwersboun fan 16 desimber in opmerking makke oer hoe’t ik omgean soe mei “manuskripten fan skriuwers út [myn] fûns”, hoewol’t myn namme net neamd wurdt.

Ik sitearje: “It bestjoer is fan miening dat it not done is as útjouwers har yn negative sin op it ynternet manifestearje oer manuskripten fan skriuwers út har fûns”.

Hjir wurdt tsjut op in utering fan my op myn webloch, 19 oktober: “Efkes sjen, Mous, is dat net dat mantsje fan wa’t ik okkeries in manuskript yn ‘e prullebak mitere… Ja, fansels, de biografy dêr’t jim allegear al sa lang op wachtsje, EEN FRIESE MUIS AAN HET KRUIS.”

Lês fierder

Konflikt yn Bestjoer Skriuwersboun

logo.ensafh

It Skriuwersboun bestiet út fjouwer ledenKoos TiemersmaElske SchotanusJan Schotanus en Auck Peanstra. Fan de lêste twa hearre jo nea wat. Se binne dan ek sa goed as bôle, wat faaks itselde is as: gjin miening hawwe. Nee, it is dúdlik Frou Schotanus dy’t it foar it sizzen hat. Spitich is it dan om hieltyd wer te konstatearjen dat Frou Schotanus net it ferskil wit tusken fakbûnswurk en persoanlike préokkupaasjes en -konflikten.

Nijsgjirrich hear, de beslutelist en it nijs dat fan ‘de bestjoerstafel’ komt: klik hjirre. En dan efkes skrolle, skrolle, skrolle…, mar dan hawwe jo ek wat: in rankuneus stikje tekst.

Lês fierder