Wite kryst

logo.ensafh

k wie eins net fan doel der noch in wurd oan te fergriemen, mar no’t Mous him ôffreget wêrom’t al dy auteurs by de Friese Pers Boekerij mar net reagearje, kin ik it net litte en jou noch even lûd.

De striid om It Grutte Gelyk tusken Huub Mous en Abe de Vries krijt de lêste tiid suver surrealistise trekjes. Nei’t beide mannen earst as wylden nei inoar úthellen, wie dêr ynienen dy útstutsen hân fan Huub Mous, ynklusyf telefoannûmer noch wol, want ‘ik heb veel aan deze man te danken…’

Mar hoe ûnbegryplik, dy reagearret net mear. Dat ja, hoe spitich ek, no fielt Mous him wol twongen dy sa genereus útstutsen hân werom te lûken en in ‘zwartboek’ te publisearjen oer de Friese Pers Boekerij, fansels fral om’t ‘deze zaak van belang is voor alle auteurs in Friesland, die iets van doen hebben met de Friese Pers Boekerij.’… Lês fierder

Carol Ann Duffy

‘The Twelve Days of Christmas / De tolve dagen fan Krysttiid’ gedicht troch Carol Ann Duffy (1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8, 9, 10, 11, 12)

logo.ensafh

Fan 13 desimber ôf publisearret ensafh op Poadium de oersetting troch Janneke Spoelstra fan it gedicht The Twelve Days of Christmas fan de Britse dichteres en toanielskriuwster Carol Ann Duffy (Glasgow, 1955). It gedicht bestiet út tolve stanza’s en referearret oan in ferneamde Christmas carol mei deselde namme, sjoch hjir. Hjoed publisearje wy de earste en oan krysttiid ta elke dei in nije derby, sadat op 24 desimber it hiele gedicht yn oersetting op ensafh te lêzen is.
It gedicht jout op ́t stuit in protte opskuor yn de Ingelske media. Yn The Twelve Days of Christmas hellet de dichteres út nei de belutsenens fan de Ingelsken by de oarloch yn Afghanistan.
Lês fierder

‘SKRIUW’ projekt foar skriuwbegelieding, stipe en advys

logo.ensafh

SKRIUW is in projekt fan it Skriuwersboun, de belange-organisaasje fan Fryske skriuwers. It doel fan it projekt is (oankommende) skriuwers stipe, begelieding  en advys te jaan by it skriuwen fan ferhalen, gedichten, romans, toaniel en oare literêre teksten yn it Frysk en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskripten.

Foar fierdere ynformaasje klik hjir.… Lês fierder

Lust u ook een worstje, mevrouw Schotanus?

logo.ensafh

No, dat wie in moaie middei yn Blauhûs juster. Hast alle ûnderdielen foldienen my poerbêst, útsein fansels de ferskriklik pedante en ûnbeskofte skoalmaster Hylke Tromp, dy’t yn syn fraachpetear mei Reve-oersetter Jürgen Hillner wol oant trije kear sei fan: ‘Dat was de vraag niet.’ Dat kin ek oars, dat kin freonliker, fatsoenliker menear Tromp. Bygelyks ‘Ik bedoelde eigenlijk te vragen.’

Mear op it weblog fan Cornelis van der WalLês fierder

Bondel haiku’s Tryntsje van der Veer

logo.ensafh
De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haiku yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen. Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dy’t meardere kearen eksposearre yn ’e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere  oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfan’t de sfear goed by de haikû’s oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en  hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet.
Lês fierder

Het kan Vriezen…

logo.ensafh

Vroeger had je dat, dat dichters – ik doe maar een gooi – een bundel schreven en dat critici daar dan een stuk over schreven. Allemaal heel overzichtelijk. Vervolgens lazen allerlei lezers de gedichten uit die bundel en die vonden ze leuk, of niet leuk, of afschuwelijk. Maar er was, ik zeg ook maar wat, een bepaald circuit, waarbinnen dat werk – ik besef dat ik het echt over héél vroeger heb – een rol speelde.
Daar is de laatste dertig jaar verandering in gekomen! Gelukkig maar, want zeker binnen de poëzie hadden sommige lezers de hinderlijke gewoontes om de zelfbevestigende interactie tussen dichter en criticus en/of wetenschapper hinderlijk te doorkruisen, bijvoorbeeld door een eigen mening te hebben over het gelezene en door goedverkopende dichters een zekere status te verschaffen.… Lês fierder

Legindaryske Boun en Bamy

logo.ensafh

No, dat is in prachtboek oer Reve. Wol it eins foar snein úthawwe, foar de no al tige omstriden en legindaryske Reve-middei. Sit al oer de helte.

Ik hoopje mar dat ik it wat hurdzje kin, yn Blauhûs, want de hear H.T. mei syn Ego… Brr…

En ik bin ek wier gjin leafhawwer fan de keunst en muzyk fan de hear Breteler. Woe al graach dy tsjerke ris fan binnen sjen. Ik wie nammentlik lêst fan doel om katholyk te wurden. Dêr haw ik dochs mar fan ôfsjoen, mar wat net is…

Mear op it weblog fan Cornelis van der Wal

Lês fierder