Deputearre Steaten fan Fryslan hawwe de dr. Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk yn Fryslân 2009 takend oan Oebele Vries. Oebele Vries kriget de priis foar syn hiele wittenskiplike wurk op it mêd fan Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.
De Halbertsmapriis wurdt ienris yn ‘e trije jier takend en is bedoeld foar wittenskiplik wurk oer Fryslân op it mêd fan skiednis, taal- en literatuerwittenskip en sosjale wittenskippen. De priis wurdt takend foar ien wurk, mar kin ek takend wurde foar in hiel oeuvre. De priis bestiet út in bedrach fan € 4.000,- en in oantinken.
Oebele Vries syn publikaasjes kippe derút troch in kombinaasje fan yngeand boarneûndersyk, in tige hoedene ynterpretaasje dêrfan en in kleare, tagonklike en meinimmende skriuwstyl.… Lês fierder