Hidde Boersma

‘Two more beer’

logo.ensafh

As er slein hat sis ik: ‘Maarten?’
De jup sjocht my freegjend oan.
‘Maarten, dochs?’ sis ik, hy knikt, ‘Israël, Hayarkon Hostel, Tel Aviv.’
‘Ojaaah, nou zie ik het, wow!’
‘Dat ik jou ineens herken!’
‘Hoe is het mogelijk!’
We fûstkje en prate wat. Hy jout my syn tillefoannûmer en adres en seit dat ik altyd wolkom bin.

Yn Israël ha’k eins mar ien kear mei him praat. We wennen beide in moanne as trije yn it selde hostel. Ik wist dat er in Nederlanner wie, mar ik fûn him in bal. We sieten wol oan  deselde bar te sûpen fan de heale liters Carlsberg en praten mei deselde lju, mar we seine inoar noch gjin goeie.… Lês fierder

Willem Winters

It blikje

logo.ensafh

Och, wat die my dat goed, dat blikje sa grut as it blikje fan de leverpastij. It stie yn in fitrine, op in plak dêrt it hielendal net opfoel. It wie dat ik net hastich wie en alles stik foar stik besjen woe, dat ik it seach. Ja werklik it wie it ferneamde blikje. It seach der wat teheistere út. Echt in âld blikje. Sjoen yn it Weser Museum yn Bremen.
Oer hokker blikje ha wy it? It blikje mei ‘poep fan de keunstner’, fan Pierre Manzoni. 90 blikjes á 30 gram makke er. Foar my hat dit blikje likefolle te betsjutten as Duchamp syn pisbak.… Lês fierder

Bestaat God? Ja!

logo.ensafh

Doe ’k gistermiddag deur Et Vene ree mit de auto zag ik overal grote bodden an de diek staon mit de tekst: Bestaat God? Ja! Me donkt dat meensken die hielemaole overtuugd binnen van et bestaon van God zokke boddeboel niet overal henne hoeven te zetten. Mar misschien bin ze toch niet al te wisse van heur zaeke. Meensken die niet al te zeker binnen, willen heurzels nog wel es overraozen.

Omda’k al jaoren mitwarker bin van et Meertens Instituut in Amsterdam kree’k een kedogien over de post toestuurd: een nommer van et tiedschrift het Alledaagse leven over dialect & taalvariatie.… Lês fierder

Nij boek oer Anne Wadman (1919-1997)

logo.ensafh

wadman

Hoe is het om een beroemde schrijver te zijn in een minderheidtaal? Het leven van Anne Wadman (1919-1997) biedt een antwoord op die vraag. Hij was een sleutelfiguur in een van de belangrijkste bloeiperiodes van de Friese literatuur, de jaren 1945-1963.

In dit dissertatieonderzoek van Joke Corporaal staat het schrijverschap centraal van een van de belangrijkste naoorlogse Friese schrijvers, Anne Wadman (1919-1997). Wadman wordt gevolgd vanaf 1935, het jaar waarin hij als vijftienjarige kennismaakt met de Friese beweging, tot 1963, het jaar waarin hij besluit dat hij liever geen schrijver is dan een schrijver die alleen in de Friese wereld iets voorstelt.… Lês fierder

Besprek Fangst fan ‘e demoandolfyn

logo.ensafh

Resinsint Cornelis van der Wal hat in moai besprek skreaun oer myn fjirde dichtbondel Fangst fan ‘e demoandolfyn (Bornmeer, Ljouwert 2008). It stik wie ornearre foar it Friesch Dagblad, mar de redaksje fûn dat de bondel al te lang lyn ferskynd wie, dat de krante hellet dizze resinsje spitigernôch net. Lykwols bin ik der wiis mei.

Mear op it nije weblog fan Abe de VriesLês fierder

Dêr bin’k wer

logo.ensafh

Sa stil haha. Bêste lêzers, foar safier as dy der noch binne nei sa’n lange stilstân: ik fiel gjin druk yn de sin fan ‘hea der hie al lang wer wat op myn webloch stean moatten.’

It ritme is der hielendal út. Dat hat syn reden, û.o. it folgjen fan de kursus ‘Beoordelen van kinderliteratuur’dy’t ik optheden folgje. Tige nijsgjirrich en it fret tiid, dat wol. Tagelyk it besef hokker skitterjende jeugdboeken der wol net útkomme en de ûnmacht dat ik dy noait allegear lêze kinne soe as soe’k ek hiele dagen en nachten achterinoar de tiid nimme om te lêzen..Lês fierder

Sito, Mondriaan en in promkebeamkedichterke oer Dante

logo.ensafh

Poëzy smyt lykwols wol faak it measte oan diskusje op. Der binne technyske en foarmtechnyske saken dy’t in rol spylje yn it hifkjen, mar eins it it de emoasje dy ’t foar master opslacht en dêrom binne dizze gearkomste ek sa ferrekte nijsgjirrich. Want de smaken yn ‘e redaksje ferskille aardich en it is mei smaak sa: wat de iene skrynt, jout de oare soms wille.

Ik mei graach oer de wat mear barokke, wiidweidige poëzy en parlando, wat net sizze wol dat ik it oare net lije mei, perfoarst net, mar elk syn ding, no.

Mear op it weblog fan Edwin de Groot
Lês fierder