Simmertreast: een vies gezicht achter een vuile afvaloven

logo.ensafh

Enkele aantekeningen bij de muziekvideoclip “SIMMERTREAST”

Wij zijn weer thuis. Friesland, Friezenland, of kijk en luister naar de gladde, van nostalgie vergeven videoclip Simmertreast als de nieuwe, Friese variant op de oude blanke top der duinen: een hobbelende boerenkar, met een dozijn jonge, gezonde en roomblanke Fryske fammen in een Fries landschap, voorgesteld als een zuiver, onaangetast en niet door Vooruitgang bedorven ruimte. Geen hoofddoekje in te bekennen, geen allochtoon in te zien. Fatima, Ebru en Ohmar doodverklaard.

Mear op it weblog fan GogolLês fierder

Blessueretiid

logo.ensafh

Hokker dei it hjoed is hoech ik net fan ‘e kalinder te lêzen. De Avro-Sandwich op ‘e radio, de Freedbijlage en de Sneonskrante op ‘e tafel en buorman mei de Hillige Skrift troch de steech nei tsjerke. Moai, wat dinkjes regelje/betelje, wat lêze en in blogje meitsje. Dizze. Hoe de wike wie? Prima, wol in protte argewaasje oer de interij, wol dwaan of net en wêrom wol en wêrom net. Wat rasjonele arguminten foar, wat tsjin, mar foar it grutste part is it emoasje en oertsjûgje de oar mar ris fan jo eigen emoasje. It is wer ris wat oars as “it geseur” oer de prestaasjes fan de lokale SC en of der op it Fean al of net in Sjinees wokrestaurant bykomme moat, mar de grypdiskusje is neffens my in wedstriid sûnder winners en ek no lês ik wer oer de Meksikaan en oer in nije bedriging: it West-Nijlvirus.… Lês fierder

An de allergrootste Stellingwarver schriever Johan Veenstra

logo.ensafh

7 november – 13.00 – Doe ’k gisteraovend thuuskwam uut Zeelaand lag d’r een pakkien in de brievebusse mit et opschrift An de allergrootste Stellingwarver schriever Johan Veenstra… Wie zol dat now toch schrieven? En zol dat ok zo wezen? Bin d’r lichtkaans meer meensken die dat vienen? Wat kan zoe’n opschrift een protte vraogen oproepen! Now ja, et dee blieken dat de Grunninger schriever Anne Hoogebrug me zien eerste dichtbundel toestuurde: As ain poar ogen sloeten. Anne Hoogebrug is et pseudoniem van Freerk Mulder, die ik uut een almar veerder verleden nog kenne. Ik bin bliede mit de verzoamelde gedichten en zal ze zeker lezen.… Lês fierder

Strange Master

logo.ensafh

No, it docht al fertuten, dat strange skriuwrezjym. Soe it slagje, twa gedichten yn ‘e wike? Myn trouwe Toshiba 1910 fynt alles bêst. Neffens my giet sa’n ding nea stikken. En der komt ek in hiel moai gûnzjend lûd út, net te hurd, mar hiel meditatyf. Of sa.

Ik kin it net op de argyf-side fan de Ljouwerter fine, mar it stiet my by dat de Grutte Literatuerkenner Hylke Tromp ea in gedicht skreaun hie dat likernôch sa gie:

Wurden
wurde
wurden
wurden
wurde
wei

Bin ik mis? Sis it mar Hylke!

Mear op it weblog fan Cornelis van der WalLês fierder

Alaarm!

logo.ensafh

Ynienen dy loeiende sirene, dy’t flakby ús skoalle stiet. En net as altyd op de earste fan ‘e moanne. Dus… Der wie wat te rêden. Mar wát?
Der skeat my fan alles troch it sin:
– De Fryske literatuer hat nei in lang siikbêd dochs noch ûnferwachte de geast jûn;
– Tsead Bruinja hat Huub Cooper oppakke litten;
– Abe de Vries blykt al jierren adfiseur fan Omrin te wêzen;
– In bommelding by it Fonds der Letteren, Snitser dichter haadfertochte;
– Ynsest by de Lêsklup fan Regionale Omrop;
– Lêste Fryskprater ynferzen foar letter ûndersyk;
– Provinsje Fryslân kulturele haadstêd fan Fryslân wurden;
– Lêste roman fan Koos Tiemersma útferkocht.… Lês fierder

Reaksje Josse

logo.ensafh

Yn 1994 hat de Q (Koperative utjouwerij) in bondel gedichten fan Gerben Rypma utjun – ‘Ik haw myn dreamen han en fragen’. Teije Brattinga hat dy bondel besoarge, en yn in bijlage it libben en wurk fan Gerben Rypma yn in 20 siden beskreaun.

Brattinga hat yn ‘95 by it jubileum fan de Q foarlezen ut it wurk fan Rypma. Mei him is net kontakt opnommen, wylst hy dochs de eksper is wat Rypma oanbelanget. Hy is skriuwer, hy is Roomsk teolooch, en faaks Reve-kenner.

Yn 2000 hat de Q fan Teije Brattinga utjun de dokumintere dramatique ‘Dy ferrekte papen’. Brattinga ken Blauhus as syn festjebuse.… Lês fierder

Alarm

logo.ensafh

Diep ferskoalen in myn binnenste mut nòch altyd un fleugje angst sitte. Foar…Dé Rus! Nyt dat dy angstgefoëlens de omfang fan un traume hewwe mar tòch. Fanmòrren speulden dy angstgefoëlens eventjes op toen ut alarm afging. Eén kear in de maand op maandach om 12.00 uur gaat ut alarm ok. Dêr skrik ik al lang nyt mear fan. Ut hoart der gewoan bij. Fanmòrren ging ut alarm dus ok. Op un frijdachmòrren, om halfelf. Dat is apart en ferdomd ik moest inenen teruchdenke an myn jongesjaren, de tyd fan’e Kouwe Oarlòch. Ik sette dan ok futdaleks Omrop Fryslân op om te horen wat der an de haan was.… Lês fierder