Healwei de wike. Wer tiid foar in blogje, mar ik haw eins neat te sizzen. Foar guon sil dat in opluchting wêze, mar dy komme hjir dochs al net en foar de trouwe lêzer is ’t efkes in skrik. De Groot dy ’t neat te fertellen hat. It is in spul. Faaks komt it om ’t ik wat murf bin fan dat gepruts mei ’t manuskript. Dit noch efkes dwaan, dat moat noch wat oars. Gadferdamme, ik bin al healwei, fierders sels, mei it ôfskie nimmen fan dizze gedichten en moat ik der wer efkes trochhinne. It moat al wat kreas ôflevere wurde, no.… Lês fierder