15-11-2009 Poëzy yn Skipfeartmuseum Snits

logo.ensafh

Snein 15 novimber, om 15.00 oere is it Literêr Sirkwy yn it Skipfeartmuseum yn Snits.(Kleinzand 14) Sân dichters sille dêr optrede, ûnder mear Job Degenaar, Hein Jaap Hilarides en Yva Hokwerda. Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei sawol Nederlânsk- as Frysktalige poëzije, en fansels sil Henk van der Veer foardrage yn it Sneker stedsdialekt. Dêrneist sil de Fryske Trûbadoer Pieter Wilkens in priuwke jaan út syn repertoire fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rok ‘n’ roal. De presintaasje is yn hannen fan Edwin de Groot.

De tagongspriis is € 2,50 , foar museumjierkaarthâlders fergees.… Lês fierder

Trûbadoersjûnen yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean

logo.ensafh

It Fryske Boek bestiet 75 jier. Om dat te fieren is dit jier in tal ekstra aktiviteiten op priemmen set. Spesjaal foar elkenien dy’t op ien of oare wize oan de Sutelaksje meiholpen hat wurde op tongersdei 29 en op freed 30 oktober Trûbadoersjûnen hâlden. Dat sil wêze yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean, de jûns om 20.00 oere. De fjouwer Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Doede Veeman hawwe op fersyk fan it jubilearjende Fryske Boek in nij program gearstald.

Foar de beide jûnen op it Hearrenfean binne noch kaarten beskikber. Dy kinne besteld wurde op telefoannûmer 058- 2343090 of fia de e-mail: ynfo@fryskeboek.nl… Lês fierder

The best is yet to come

logo.ensafh

Sa, de lêste sutelaksje sit derop. No noch de listen even neirinne en klear: wat wiene de toppers fan dizze lêste edysje? Altyd nijsgjirrich, altyd op ûndersyk. De útslach:

Fiksje – Rink van der Velde mei ‘De Fjildferhalen’

Non-fiksje – Jehannes Doedes de Jong mei ‘Boerewurk’

Berneboeken – Diet Huber mei ‘Tutte mei de linten’

Wat seit sa’n list? Och, it measte net, mar ik fyn it wol mear sizzen as de meast wiidweidige ûndersiken nei de stân fan saken binnen de Frysktalige literatuer. Blykber is de Fryske lêzer noch altyd tige begien mei it ferline, mei wat achter ús leit.… Lês fierder

Lêzing op ‘e Jouwer

logo.ensafh

Juster yn de bibleteek op ‘e Jouwer tegearre mei Elske Riemersma in lêzing dien nei oanlieding fan de foto-eksposysje fan tsien foto’s út ‘Echt moai’.

Soms hast dat sa, dan ûnstiet der in hiele moaie sfear en dan barre der dingen.

Dat wie justerjûn sa. De bibleteekmeiwurkers hiene de goede sfear skepen en mei it oanwêzige publyk en Elske en my ha wy yn in rûnte byinoar sitten en oer it boek Echt moai ferteld. In hiele bysûndere ûndrfining dy’t ik net licht ferjitte sil.

Wat der krekt barde sil ik út respekt foar de privacy fan de oanwêzige froulju net skriuwe, mar it is wol in ryk gefoel dat troch it meitsjen fan in boek safolle losmakke wurdt.… Lês fierder

Zure Kabouter

logo.ensafh

No, sa’t jo witte wie ik in fûl foarstanner fan de mooglikheid om op de side fan ensafh te reagearjen. Mar wat dêr no allegear  nfoar…nuvers opkomt… Skaf it dan mar wer ôf, hjir hat gjinien wat oan.

Mar der is wol posityf nijs op Go-Gol: der sit in feed op! En de boel sjocht der ek wat kreazer út. Net dat de artikels/gedichten der better fan wurde…

Ha leuk! Moat wer in útkearing oanfreegje fanwege it… frjemde belied by it Fonds voor de Letteren. In rankuneus kabouterke fûn dat myn novelle Kening Kees ‘een zure toon hie, hatelijk en honend wie.’… Lês fierder

Ik sil it nea leare

logo.ensafh

Juster wie ik by de iepening fan’e tentoanstelling fan myn ferstoarne freon Harmen Abma…einlings krijt de goeie man dan syn wolfertsjinne erkenning…mar wol dea dus…it klisjee fan in keunstnerslibben..godferdomme! Bin ek efkes oan it netwurkjen west…en ja dat wurket dochs…we sille wol sjen…

Mear op it weblog fan Anne FeddemaLês fierder