16-10-09 Presintaasje ‘Giftige Zomer / Giftige Simmer’

logo.ensafh

Op donderdag 15 oktober om 12.45 uur zal het eerste exemplaar van het boek Giftige Zomer / Giftige Simmer op het Provinciehuis in Leeuwarden worden overhandigd aan gedeputeerde Hans Konst.

Uitgever Abe de Vries van de Friese Pers Boekerij zal het boek aan de heer Konst aanbieden. Gedeputeerde Hans Konst zal vervolgens een reactie geven op het boek.

Op vrijdag 16 oktober vanaf 16.30 uur zal de presentatie van het boek plaatsvinden in hotel-restaurant ’t Heerenlogement in Harlingen. Prof. dr. Goffe Jensma zal in een lezing reageren op Giftige Zomer / Giftige Simmer.

In Giftige Zomer / Giftige Simmer maken 49 schrijvers, kunstenaars en fotografen zich zorgen over de toekomst van Fryslân.… Lês fierder

Sjueryrapport Gouden Gurbes 2009

logo.ensafh

Mei nocht en wille hat de sjuery, diskear besteande út Barbara Hempen, Freark Smink en myn persoan, de seis iepenloftspullen besocht, dy’t ús dizze simmer yn Fryslân foarset waarden. Wy hechtsje oan it iepenloftspul yn de letterlike betsjutting fan it wurd. Om dy reden foel Wergea, dat ek in iepenlofttradysje hat, ôf, om’t se dêr no yn in tinte spilen.

Mear op it weblog fan ‘e Gouden GurbesLês fierder

Ik wit net hoe’t it kin

logo.ensafh

Soms betwivelje ik wolris oft ik no werklik in boek skreaun ha of dat it gewoan in fantoom út ‘e wrâld fan Dream & Winsken wie, in abberaasje yn it fierder sa rimpelleas bestean.  Hoe kin dat? Je binne ommers tiden dwaande mei it tinkwurk en amper oansprekber foar deselden om je hinne, dan folget it skriuwen, switten en stinnen, as it klear is komt de útjouwer oan bod mei korreksje, redaksje, allegear drokten dêr’t de lêzer fakentiids gjin erch yn hat.

Mear op it weblog fan Koos TiemersmaLês fierder

Utblochd

logo.ensafh

Bin ik útblochd ofsa? It begjint der wol in bytsje op te lykjen, fine jo net?

It is net sa dat ik neat mear te melden ha, mar ik stek op it heden myn tiid yn oare saken. Op skoalle waard it allegear wer wat drokker (toetsen, korreksje, gearkomsten, âlderjûn, ynrjochtsjen fan ús nije Elektroanyske Learomjouwing) en dêrneist fermeitsje ik my tige mei saken as lêzen, skriuwen, redaksjoneel wurk, gitaar spyljen, blokfluit spyljen (echt wier: mei ús Jesse, dy’t op AMV sit), ensafuorthinne.

Meikoarten steane der noch mear leukichheden op it program. Sa as in tripke nei it Westen. En fierders?… Lês fierder

Fryske Akademy siket letterkundige

logo.ensafh

Prof. dr. Goffe Jensma waard yn maaie 2008 beneamd ta heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. De FA makke gjin risselwaasje om him te ferfangen, wat skerpe krityk út it Fryske kulturele fjild wei opsmiten hat. Op inisjatyf fan ûnder mear Tresoar-meiwurker Jelle Krol waard sels in publike oprop dien oan de direksje.

Mear op it weblog fan Abe de VriesLês fierder

Friese vertaling van Reve opgedoken

logo.ensafh

Zojuist werd ik gebeld door een mevrouw uit Witmarsum, die haar naam niet genoemd wil hebben. Zij beweert in het bezit te zijn van een Friese vertaling van het boek Nader tot U. Haar man heeft deze tekst begin jaren zeventig – met toestemming overigens van Gerard Reve – in het Fries vertaald. Door het vertrek van Reve uit Greonterp is het nooit tot een publicatie gekomen. Reve zou de vertaling wel grotendeels gelezen hebben en – voor zover hij het Fries kon begrijpen – ook positief hebben geoordeeld over de kwaliteit. De vertaler zelf is in 1975 overleden. Pogingen om een Friese uitvinder te vinden zijn daarna gestaakt.… Lês fierder