Utrikking Gysbert Japicxpriis 2009

logo.ensafh

Op tongersdei 15 oktober 2009 sil deputearre fan kultuer, mefrou J.A. de Vries, út namme fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân de Gysbert Japixcpriis 2009 útrikke oan de hear Anne Feddema yn it gastfrije gemeentehûs fan Boalsert. It sjueryrapport sil foarlêzen wurde troch Pieter de Groot (foarsitter fan ‘e advyskommisje Gysbert Japicxpriis, mei him Frits van der Kuip en Geertrui Visser) en it laudatio komt út ‘e mûle fan Piter Boersma fan de Fryske Akademy. Ta beslút sil de lauwere dichter syn namme op ‘e balke yn it bertehûs fan Gysbert Japicx skriuwe.… Lês fierder

Alpita de Jong promovearre op ‘Knooppunt Halbertsma’

logo.ensafh

Op 9 septimber 2009 is Alpita de Jong promovearre oan de Universiteit van Amsterdam. Se die dat op in ûndersyk nei it Europese netwurk fan de Fryske gelearde en skriuwer Joast Hiddes Halbertsma (1789 -1869), dat resultearre yn de dissertaasje Knooppunt Halbertsma, dêr’t in hannelsedysje fan ferskynd is by Uitgeverij Verloren yn Hilversum.

knooppunt

Alpita de Jong hat fan 1998 oant en mei 2004 redaksjelid west fan Hjir, de foargonger fan ensafh. Se is de gearstalster fan in boek mei oersettingen fan Frysk proaza troch de ieuwen hinne, Fries stamboek – 500 jaar proza uit Friesland, dat yn 2000 útkaam bij Uitgeverij Contact yn Amsterdam.… Lês fierder

Nûmer 5 (Rely Jorritsma-nûmer) fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It fyfde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. It giet om it jierlikse Rely Jorritsma-nûmer, dêr’t de priiswinnende gedichten en ferhalen fan de Rely Jorritsma-priisfraach yn stean en de sjueryrapporten.

It nûmer is yn syn gehiel te finen yn de rubryk Poadium, ûnder de titel ‘Rely-Jorritsma-nûmer 2009, sjoch dêr. 

Hjir ûnder stiet de ynhâldsopjefte. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 5 yn print

3 Redaksjoneel

 Elske Kampen
4  Sy is, taal is altyd

 Lida Dykstra
5  De lytse ik

 Simen de Jong
9  Leafde hâldt skoft

15 Oer de skriuwers

16 Sjueryrapport

17 Junior Rely

 Jorn van der Schaar
19  Ferhalen fan de Winterwyn

 Casper Oukes
20  Rocky mountains

 Annette Adema
25  Myn keammerke 

 Jessica Boogaard
30  Dy iene jonge

 Tina-Maria Greidanus
35  Kwyt

 Reina Nauta
36  Simmer

 Sjoerd Rypkema
37  It wetter

38 De priiswinners

39 Sjueryrapport… Lês fierder

Rely Jorritsma-nûmer 2009 (ensafh nûmer 5)

logo.ensafh

Ynhâld

3 Redaksjoneel

Elske Kampen
4 Sy is, taal is altyd

Lida Dykstra
5 De lytse ik

Simen de Jong
9 Leafde hâldt skoft

15 Oer de skriuwers

16 Sjueryrapport

Junior Rely

Jorn van der Schaar
Ferhalen fan de Winterwyn

Casper Oukes
20 Rocky mountains

Annette Adema
25 Myn keammerke

Jessica Boogaard
30 Dy iene jonge

Tina-Maria Greidanus
35 Kwyt

Reina Nauta
36 Simmer

Sjoerd Rypkema
37 It wetter
38 De priiswinners

39 Sjueryrapport

Redaksjoneel

Sûnt 1954 skriuwt de stichting Rely Jorritsma Founs alle jierren in literêre priisfraach út mei as doel de Fryske literatuer te befoarderjen. Sûnt 2004 wurdt nêst de gewoane priisfraach ek de Rely-Juniorpriisfraach foar jongeren fan 12 – 18 jier útskreaun .… Lês fierder

14- 10- 2009 Oanbieding De Kâlde Krústocht as harkboek

logo.ensafh

Op woansdei 14 oktover wurdt yn Tresoar in nij harkboek presintearre, De Kâlde Krústocht fan Hylke Speerstra. De Kâlde Krústocht befettet alve iisferhalen en ferskynde ta gelegenheid fan it 100 jierrich bestean fan de feriening De Friesche Elfsteden. It boek is foarlêzen troch de auteur sels en sil oanbean wurde oan Klasina Seinstra, de winnares fan de lêste Alvestêdetocht.

Ek is der in ‘sneak preview’ fan de film De Hel van ’63, dy’t yn desimber yn première giet, fan regisseur Steven de Jong. Ek in bydragen fan Tryater en in foardracht troch Hylke Speerstra sels steane op it programma.

Utnoege binne net allinne minsken út de wrâld fan de (Fryske) taal en kultuer, mar ek pommeranten fan de Alvestêdetocht.… Lês fierder

Alle trije fan Wommels

logo.ensafh

It ropt al wat fragen by my op. Alle trije priiswinners fan de Junior Rely komme út Wommels. Gjin ferkeard wurd oer Wommelsters fansels, ik leau sels dat ik net ien Wommelster ken.

Mar hoe kin soks no? Ik ha de antwurden leau ik wol mar dy hâldt ik lekker foar my sels. No ja, net hielendal. Understeande foto leit it út. Elk moat syn eigen ynterpretaasje der mar oan jaan.

Mear op it weblog fan Daam de VriesLês fierder

Die Zentrale

logo.ensafh

Door de jaren heen is er niet veel veranderd. Het Provinciehuis is nog steeds Die Zentrale. Sterker nog, er zijn daar inmiddels heel wat ambtenaren bijgekomen, terwijl er ook heel wat gesubsidieerde instellingen zijn gekortwiekt of geheel opgeheven. Al die ambtenaren moeten natuurlijk ook wat te doen hebben. Ze zijn niet opgeleid voor uitvoerend werk, dus daar schakelt de provincie de instellingen weer voor in, die dan ‘producten’ leveren aan Die Zentrale. Vervolgens gaan die ambtenaren het door anderen uitgevoerde werk zelf nog eens even overdoen, anders hebben ze niets te doen.

Vaak gaan die ambtenaren ook in werkgroepen zitten, om mensen van buiten, die het werk eigenlijk moeten doen, het leven zuur te maken of de wet voor te schrijven.… Lês fierder