Doch mar ris wat

logo.ensafh

Wat men dêr docht, is de houterige kant neist en it is sa’t immen my al mailde: wy hawwe mear wurk fan de provinsje as de provinsje fan ús. Der wurdt dan ek wakker sketten op alles dat men dêr yn Ljouwert útheeft, wêrby’t de krityk him fakentiids rjochtet op de ynstek fan boppe-ôf dêr’t men foar kiest. Dy stelling is wier, mar dat wol net sizze dat dy ynstek an sich ûnterjochte is. Nim no it ferskynsel kulturele haadstêd. Is dat in keunstsinnich barren? Ja, dat is it. Mar yn it foarste plak is it in polityk barren: de keunst foar it politike karke spanne, lykas yn New York, dêr’t ik okkerdeis oer skreau.… Lês fierder

Frisse Pommeranten

logo.ensafh

Ja, en dan moat ik it ek ris oer dat filmke fan de Provinsje hawwe. Der is al in soad oer skreaun, hjir en dêr. En de foarsitter fan it Skriuwersboun stelt him achter de pommeranten op. Dat krije jo derfan, fan sa’n bestjoersfunksje.

En wat fynt Knilles derfan? Ik tink dat it net ferkeard bedoeld is, mar it resultaat komt bepaald net fris oer, it soe eins daalk fuorthelle wurde moatte.

Mear op it weblog fan Cornelis van der WalLês fierder

Rely Jorritsmaprizen útrikt

logo.ensafh

Yn it tsjerkje fan Bears binne sneon de jierlikse Rely Jorritsmaprizen útrikt. Elske Kampen út Gytsjerk wûn mei in gedicht. De winnende ferhalen binne skreaun troch Lida Dykstra út De Knipe en Simen de Jong út Bussum.

By de Junior-Rely gie de earste priis nei Jorn van der Schaar. Casper Oukes waard twadde en Annette Adema tredde. Se komme allegearre fan Wommels. De oanmoedigingsprizen gean nei Jessica Boogaard, Sjoerd Rypkema, Tina-Maria Greidanus en Reina Nauta.… Lês fierder

Underkant latte en heal op ‘e line

logo.ensafh

De Rely-Ensafh is út en fuort mar efkes it sjueryrapport lêzen. Altiten nijsgjirrich lêsfoer. Siet ik der ferdomme dochs tichtby. Myn ynstjoering wie in “besprekgefal”. Skrale treast. In doelpunt is pas in doelpunt as de bal “in zijn geheel over de lijn is geweest”.

Elske hat de bal gewoan hurd yn ‘e krusing jage en hellet fannemiddei terjochte de priis op. Gjin twivel: doelpunt fan ’t jier. No sa, Piet hat moai waar útkeazen om binnen te bliuwen. Der leit noch  in nustje twaddehânskes, wat manuskriptwurk en faaks noch wat koese op twa glêzen Kaapse Pracht en in ibuprofen.

Mear op it weblog fan Edwin de GrootLês fierder

Nije roman Anders M. Rozendal

logo.ensafh

Anders M. Rozendal ‘It kaartehûs’

It libben is ûnwis, jildt dat net foar ús allegearre? Lykwols besykje wy doel oan it libben te jaan, en om in takomst op te bouwen. Mar ús bousels binne faak net mear as in kaartehûs: wif, och sa wif.
De haadpersoanen yn dizze spannende roman bouwe ek oan har takomst, wolle mear út it libben helje. Sa is dêr bygelyks it famke Nadia Kalynychenko út Ukraïne. Sil it har slagje om de illinde, de earmoed en de driging fan geweld achter har te litten, of sakket har kaartehûs fan de hoop daliks yninoar? En dan Gerda Faber, in widdo fan goed fyftich jier.… Lês fierder

07-10-09 Berneboekewikefeest yn De Harmonie

logo.ensafh

Grut Berneboekewikefeest yn skouboarch De Harmonie as start fan de Kinderboekenweek. In protte kulturele ynstellings yn Ljouwert wêrûnder de Bibleteek, Parnas, Tryater, Keramykmuseum Princessehof, Afûk, Tresoar en it Natuermuseum, organisearje dy middei aktiviteiten yn De Harmonie, allegearre mei it tema Aan tafel! Eten en snoepen in kinderboeken.

Sa meie bern echte ûleballen útplúzje en kin der in frikadelleliet lutsen wurde by de Literêre Snackbar. Berneboekeskriuwer Geert van Diepen is oanwêzich, (âld-)stedsdichter Arjan Hut leart bern om te dichtsjen en wa wit krije bern in rûnlieding troch de keuken fan De Harmonie. Alle aktiviteiten, (behalve de foarstelling De Band Krijgt Kinderen om 15.00 oere) binne fergees tagonklik, ek ast net nei de foarstelling fan trije oere ta giest.… Lês fierder

Friese dichter Tsjêbbe Hettinga schrijft Gedichtendagbundel

logo.ensafh

Stichting Poetry International Rotterdam en Stichting Lezen Vlaanderen organiseren op donderdag 28 januari a.s. de jaarlijkse Gedichtendag in Nederland en Vlaanderen. Het thema voor de 11e Gedichtendag is Over de Grens. De Friese dichter Tsjêbbe Hettinga schrijft de Gedichtendagbundel die op de vooravond van Gedichtendag wordt gepresenteerd. Ook dit jaar zullen de Gedichtendagprijzen worden uitgereikt voor de drie beste gedichten van het afgelopen jaar.

Poëzie is voortdurend in beweging en overschrijdt daarmee regelmatig een grens. Dichters en gedichten passeren geografische grenzen, waardoor wederzijdse beïnvloeding ontstaat. Bovendien beweegt poëzie zich over de grenzen van de taal of over de grens van de kunstvorm, door relaties aan te gaan met muziek, dans, theater, beeldende kunst, architectuur of proza.… Lês fierder