Snein 18 oktober, om 15.00 oere, start yn it Frysk Museum it Literêr Sirkwy mei de optredens fan sân Fryske dichters. Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei, ûnder mear de foardrachten fan Anne Feddema dy’t dit jier de Gysbert Japicxpriis krijt foar syn fersebondel Reidhintsje op ’e Styx, Simon Oosting dy’t foarich jier de Fedde Schurerpublykspriis takend waard en Elmar Kuiper dy’t bekend is troch syn optreden op Poetry International yn Rotterdam. Dêrneist sille sjonger/akkordenonist Bennie Huisman en pianiste Corinne Staal in tal lieten hearre litte fan de CD dy’t heart by Bennie Huisman syn bondel Hûs oan see.… Lês fierder