Bert Bakker

Come-back op de Mont Ventoux

logo.ensafh

Bedoin, Súd-Frankryk, 24 july1990 – Ast no by de iene lâns of by de oare lâns de Mont Ventoux beklimst, dat makket net safolle út. De tocht is swier en fol lijen. Do klimst yn ûngefear 20 kilometer fan 300 nei 2000 meter. It is ek foar in betûfte hurdfytser ûnmooglik om in tempo te bepalen. As ik in berch beklim, dan bepaal ik hoe lang ik der oer dwaan wol. Ik wit wêr’t ik oan begjin en ik hâld net fan tafallichheden. In beklimming beskôgje ik – yn neifolging fan Jan Kal – net as in ynspanning, mar as de eksakte útwurking fan in idee.… Lês fierder

Ensafh online net folslein yn byld?

logo.ensafh

Inkeld krije wy in berjocht dat de side fan Ensafh net goed te besjen is. It is dan net mooglik om nei ûnderen te skrollen wêrtroch’t de ûnderste einen fan in tekst net yn byld brocht wurde.

Dat probleem kin maklik ferholpen wurde. Nei alle gedachten hawwe jo dan net de nijste ferzy fan ‘Internet Explorer’. Dêrom hjir de link nei de nijste ferzy fan ‘Internet Explorer’. Jo kinne ek besykje om de side mei ‘Firefox’, in oare ynternetbrowser, te iepenjen.… Lês fierder

Fan alles en noch wat

logo.ensafh

No dat is alwer in toarn lyn, fiersten te lang…ik wit it…mar ik moast fan alles en noch wat…dakkapel fervje…is dien…al myn muzyk en keunstboeken op folchoarder is allegearre klear…tredde dichtbondel nei de útjouwer stjoerd..Bornmeer…klear…nije skilderijen makke nei Corknilles west foar nije opnamen…ja ek yn it sikehûs…meikoarten te beharkjen…it dôve popke…is it net geweldich en doe fan’e wike…Jo ha de Gysbert JapikNeepikcxpriis wûn…waaaaaaaaat? wolle jo dat nochris sizze Jannewietske…of binn’ jo in oar in imitator…Imitatione Christi…mei Thomas à Kempis yn in hoekske…no it die bliken dat it wis wis wier wie om mar ris yn bibeltaal te bleauwen en it is dus net te leauwen…noch hieltyd eins net…no gean ik nei de Champions League en skreau ik tenei mei Händel yn’e holle.… Lês fierder

Reidhintsje net te keap yn boekwinkel

logo.ensafh

Wie juster (Tongersdei dus) efkes yn Amsterdam en kaam mei in tas fol mei boeken wer thús. Om’t ik yn Ljouwert trije kertier wachtsje moast op de trein werom nei Snits ta, besleat ik de Ljouwerter boekwinkels ris to kontrolearjen op Reidhintsjes. Ik bedoel fansels de Priiswinnende Dichtbondel fan Anne Feddema: Reidhintsje op ‘e Styx.

Net te finen! No bestiet de útjouwer, de Koperative Utjouwerij net mear, dat it is te begripen. Mar lizze der op ien of oare souder gjin Reidhintsjes te beskimmeljen? Leit hjir net in grutte kâns foar in oare útjouwer? Ik rop mar wat. Ik haw aldergeloks in eksimplaar…

Mear op it weblog fan Cornelis van der WalLês fierder

Keunst as besitekaartsje

logo.ensafh

It is 400 jier lyn dat… Dus Nederlân pakt út yn New York. Mei keunst, want dat de bêste manier om oandacht te lûken. Want l’art pour l’art, dêr dogge wy net oan, je binne keapman of net. Dat steurt my. As frege wurdt wêrom’t Nederlân of om myn part Fryslân (Wy skine dêr ek in kroadfol sân lege te hawwen) sa grut útpakt, dan komt de aap al gau út ‘e mouwe: wy wolle saken dwaan. Is keunst dêrfoar bedoeld? Ofsjoen fan de risiko’s (ik moat der net oan tinke as der wat bart mei it Melkmeisje fan de hillige Vermeer) fyn ik dat it om de keunst sels gean moat.… Lês fierder

Dolph Kessler verdient Gerrit Bennerprijs

logo.ensafh

De provincie Friesland looft dit jaar voor de derde keer de GERRIT BENNER prijs voor Beeldende  Kunst uit. In 2009 zal deze prijs worden toegekend aan een kunstenaar, bij wie een ontwikkeling in het werk toonaangevend is voor het kunstaanbod in Friesland. Deze ontwikkeling dient zich te hebben geopenbaard in de twee jaren voorafgaande aan de datum van inzending. De bekendmaking zal in november plaatsvinden.

Ik weet niet of Dolph Kessler zich dit jaar voor deze prijs heeft aangemeld. Zo ja, dan zal zijn recente fotoproject over internationale kunstbeurzen volgens mij hoge ogen gooien.

Mear op it weblog fan Huub MousLês fierder

Willem Winters

Famkesboeken

logo.ensafh

J.H. Brinkgreve wie in suksesfol skriuwster fan in sechtich famkes- en jongesboeken. Fanwege de moaie omkaften en de prachtige fantasybelettering keapje ik in pear; ik begjin te lêzen mei Met Jet en Ine in een woonwagen [1934 ill. Miep de Feuter]. In braaf ferhaal oer twa suskes en twa freonen dy’t op fakânsje geane yn in wenwein, dy’t by in boer op it hiem stiet.

meisjesboek1

Op in stuit wie it my oft ik in skok krij. Doelt de skiuwster op wat oars as dat der stiet? Erotyk? De famkes freegje sa faak wannear’t beide jonges wer ris lâns komme sille en sjogge hja se oankommen dan fleane se harren om ’e hals.… Lês fierder