Op sneontemiddei 12 septimber wurdt it feit fierd dat 50 jier lyn de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. It FLMD is ien fan de trije ynstellingen dy’t yn 2002 meielkoar fierder giene as it hjoeddeistige Tresoar.
Tidens de fiering yn it gebou fan Tresoar sille twa lêzingen (troch prof.dr. Goffe Jensma en troch Julian Spalding) hâlden wurde, wurdt der proaza en poëzy foardroegen troch Yva Hokwerda en Meindert Bylsma en wurdt der songen troch Lucette fan den Berg.
Oan it ein fan de gearkomste sil de fernijde Gysbert Japicxseal mei dêryn in permaninte presentaasje fan de Fryske literatuer iepene wurde.… Lês fierder