In memoriam Tony Feitsma (2)

logo.ensafh

Fochten hat se har hiele libben, fochten om heard te wurden

Op 9 augustus 2009 is Tony Feitsma stoarn. ‘Nei in warber libben dat yn it teken stie fan Fryslân en it Frysk en nei in dreech lêste jier is ta ús fertriet ferstoarn myn suster en ús muoike professor Anthonia Feitsma’ – sa stie it op de roubrief fan de famylje. Ut namme fan it bestjoer fan it Fûûns fwar it Frysk – ek wol ‘Feitsmafûns’ neamd – hat Irénke Meekma 14 augustus op de begraffenis yn de Minnistetsjerke te Grou it folgjende In Memoriam útsprutsen

It is noch mar in pear moanne lyn doe’t Tony – of frou Feitsma sa’t jo wolle – krekt heard hie dat se termkanker hie.… Lês fierder

Boekefeest hat west?

logo.ensafh

Juster fong ik op dat der in ein komt oan it tradysjonele boekefeest fan It Fryske Boek, en dat dizze jûn, dy’t benammen foar de skriuwers ornearre is, ferfongen wurde sil troch in “lêzersfeest”.

Hmm… ik sil de Friese Pers Boekerij ris belje, hearre oft se der dêre ek wat fan witte. Tink it hast net. Der sil meikoarten wol meidielings oer dien wurde?

Mear op it weblog fan Abe de VriesLês fierder

N-E-R-D

logo.ensafh

Ik bin dan ek bliid dat de eksersysje fan Wobbelke/Wa wint de GJP? (sjoch mar op ensafh ) foarby is. Is dat mar klear. My tinkt dat dat ek noch in aardige papieren edysje opsmite sil. It sil mij nij dwaan hoe ’t dy ûntfongen wurdt. JQ syn bydragen wurde grif mei niget lêzen en myn stikjes? Wait and see. Ik bin noch net sa lang lyn betitele as in “naïve, entûsjaste rûchhouwer” en dat is mei de D fan dichter der oan taheakke wol in moaie geuzenamme (NERD). En hoe in nerd ûntfongen wurdt, wit je noait.

Mear op it weblog fan Edwin de GrootLês fierder

In memoriam Tony Feitsma (1)

logo.ensafh

Tony Feitsma en har fertsjinsten foar de wittenskip

troch Durk Gorter

De lêste heale ieu fan de beoefening fan de frisistyk is ûntinkber sûnder Tony Feitsma. Har karrière omspant trije universiteiten. Hja studearre oan de Universiteit van Amsterdam, waard meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins, haadmeiwurker en letter heechlearaar oan de Vrije Universiteit en dêrnjonken en dêrnei heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam. Ek nei har ôfskied fan de UvA yn 1993 bleau hja wittenskiplik aktyf, want se hie ‘noch safolle te dwaan’.

It kin net oars of in libbensberjocht oer de merites fan Tony Feitsma’s wittenskiplike wurk docht har te koart troch de breedte fan har wurk.… Lês fierder

Trije nije boeken Friese Pers Boekerij

logo.ensafh

Sietse de Vries – Potstro Fongers

Trije manlju fan middelbere leeftyd besykje yn Potstro Fongers wat fan it libben te meitsjen. Snackbarhâlder Cor Fongers dreamt fan in potstro, in bistro mei allinne Fryske gerjochten. Aptekersassistent en keapman Marten Bok siket om in belizzing foar syn swarte jild. Resjersjeur Arjen Witteveen – hy wennet sûnt syn skieding wer by syn mem – begjint op terapeutyske basis oan it ûndersyk nei de moard op dyselde Marten Bok.

It boek spilet yn de wrâld fan de moderne misdied. Mar de motiven achter de strafbere feiten dy’t yn dit boek bedreaun binne oerâld: leafde en wraak.… Lês fierder

Besprekken Jelle van der Meulen

logo.ensafh

Marga Claus – Bollman & Bollman. 2009

Na drie goed ontvangen documentaire romans waarvan de eerste twee ook in het Nederlands vertaald werden, komt Marga Claus (1955) nu met echte fictie. Hoofdpersoon in haar nieuwe roman is bibliothecaris Yasper Bollman die een geheim heeft: hij is travestiet.

Anders M. Rozendal – Hupsakee en oare ferhalen. 2009

In 2001 verscheen de eerste roman van Rozendal (1946) en nu de negende in aantocht is, publiceert hij ook een verhalenbundel. De zestig verhalen, in lengte variërend van twee tot zes bladzijden, stonden deels eerder in het Friesch Dagblad.

Eelkje Tuma – Paadwizer. (2009)

Dertien jaar pas na haar debuutroman Leafste lea, waarin een Fries plattelandsmeisje zich wil losmaken van haar milieu, verschijnt in de reeks Fryske Modernen de tweede roman van de in Noord-Zweden wonende Eelkje Tuma.… Lês fierder