Matty yn Alaska – Oer neie buorlju en fiere freonen

logo.ensafh

Fanne wyke al in kear by de buorlju fan Marja west, tolve jier ferlyn haw ik har ek moete. In man en in frou mei in dochter. Der is in persoan bykaem en ek net. De man hâldt derfan om him as frou te ferklaaien en hat dan ek in oare namme. Ik wist der al fan, it makket my neat út, Marja ek net. We hienen wille. Jackie, sa hjit hja, wie allinnich thús. Hja hie sa’n om in kear mei ús út te gean, dat liet se fuort en daliks witte doe’t ik hjir kaem. Dat sil heve. It is net makkelik atst dat sa fielst, minsken begrype it faaks net, lit stean yn in net al te grut plak as hjir.… Lês fierder

Tony Feitsma (81) ferstoarn

logo.ensafh

Professor Tony Feitsma (81) út Grou is snein yn Ljouwert ferstoarn. Se waard yn 1928 berne op in pleats yn Brantgum en studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. Tony Feitsma wie learares Frânsk, wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút te Grins en bûtengewoan heechlearaar oan de VU yn Amsterdam.

Har hiele libben hat Feitsma har ynset foar it Frysk. Se wie bestjoerslid fan ’e Koperative Utjowerij en foarsitter fan ‘e FNP.

De lêste funksje hie se mar even yn ’e begjintiid fan dy partij, begjin jierren ’60. Frou Feitsma hat in soad publisearre oer Frysk ûnderwiis, de sosjale skiednis fan it Frysk en de Frisistyk.… Lês fierder

Matty yn Alaska – Tracy Arm Fjord

logo.ensafh

In prachtige reis makke mei in soarte fan  Greenpeace boat. Earst twa ûre farre om der te kommen, in prachtich fjord. Ûnderweis seagen we twa walfisken, wow, hja kamen net echt boppe wetter, ien kear mei de swiepsturt, mar it is sa yndrukwekkend. Iisbergen fan tichtby besjoen, gletsjers fan tichtby, oeral koene we sa ticht as mogelik by komme omdat we mei in lytse boat wienen. Stil wurdst dan. Alle gekwek en ‘oh my gód…’ ferstomme stadichoan. Boppedat makket in gletsjer in ferskrikkelik kabaal. At der in stik iis falt, is dat krekt tonger. Lytse stikjes heare as fjoerwurk, mar wat gruttere stikken… en it iis krêket de hiele tiid.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (44)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde. Dizze ôflevering 44 is de lêste yn ´e rige.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33, 34, 35, 36, 37, 38, 39, 40, 41, 42 en 43.… Lês fierder

Blogletters (6): Roddelkont over Homerus’ Ilias

logo.ensafh

In een zomerse serie over internetblogs deze week het verbloggen van Homerus. ‘Within moments, the air was full of fish. Oddly, I distinctly remember hitting the General with one’.

Hector and Achilles zijn in gevecht voor de muren van Troje. Hakkûûh!  Er vallen spaanders. Als eerstgenoemde tenslotte het loodje legt, valt een totale stilte. ‘Then Achilles yelled Yes! Yes! Yes! and  Pumped his fist into the air.’ We vernemen dit van de ooggetuige Eurylochus,  hoofdpersoon op de blog Under Odysseus.

Eurylochus is aangetrouwde familie van Odysseus, bij diens afwezigheid is hij commandant. Maar aan de laffe kant. Een ruziezoeker, en beslist geen fijne vent.… Lês fierder

Seunnenga zet gedicht Vestdijk op cd

logo.ensafh

Leeuwarden – Zanger Jankobus Seunnenga heeft het gedicht Keuvelend met verliefde kronen van schrijver Simon Vestdijk (1898-1971) op muziek gezet. Het nummer verschijnt op cd-single. Dat heeft de oud-zanger van Pigmeat gemeld.
De single wordt 21 augustus gepresenteerd in Historisch Centrum Leeuwarden. Seunnenga zal het schijfje aanbieden aan Dick Vestdijk, de zoon van de in Harlingen geboren schrijver.… Lês fierder