Jubileumedysje Rimen & Teltsjes bruorren Halbertsma

logo.ensafh

Yn 2009 stiet de Friese Pers Boekerij bv stil by syn tritichjierrich bestean. De útjouwerij waard yn oktober 1978 oprjochte; de earste direkteur wie Martin Hopman. By gelegenheid fan dit jubileumjier jout de útjouwerij in tal werprintingen út yn in nij jaske. De omnibus De oarloch fan Wadman, Tutte mei de linten, mar ek Rimen & Teltsjes fan de bruorren Halbertsma ferskine sa yn in nije, frisse bân.

Rimen & Teltsjes is ynternasjonaal ien fan de hichtepunten fan de Romantyk, de grutte kulturele streaming út de njoggentjinde ieu. Parten fan dit boek binne oerset yn it Dútsk en it Nederlânsk, ûnder oaren troch Theun de Vries.… Lês fierder

Wurdfermjuksingsbreinroerderij

logo.ensafh

Lêstlyn lies ik in stikje yn ‘e Ljouwerter Krante ûnder it kopke “TaalBaas” oer it ûntstean fan nije wurden, ek yn it Frysk. Oft soks in ôfglydzjen fan de taal betsjut hinget fansels ek ôf fan hokker neologismen algemien oanfurdige wurde as gebrûklik Frysk. In taal moat fansels al libje, in deade taal wurdt net brûkt, stjert út. Soks wolle wy net dat ús Fryske taal oerkomt. Mar we moatte no ek wer net al te maklik elk wurd mar yn ús taal ferweve litte. Net alles makket de kommunikaasje, skientme en brûkberens fan de taal better.

Mear op it blog fan Mindert de WitLês fierder

De Traveliers

logo.ensafh

Op boekemêd kin ik jo melde dat ik juster begûn bin oan it earste diel It Goud fan de Aboriginals fan in nije searje Fryske jeugdboeken, mei as boppetitel De Traveliers. En fannemoarn hie ik it al út. En ferrek, ik moat tajaan: dat foel my neat ôf! It is in alderaardichst ferhaal dat him ôfspilet yn Austraalje, fol mei ditsjes en datsjes oer de Aboriginals en ek wol in stikje spanning (hoewol’t it nergens écht eng wurdt; it bliuwt in bytsje oan ’e nuete kant). Mar dochs: beslist net in min boek en ik bin benijd hoe’t de folgjende dielen oer de globetrottende famylje wurde sille (Fryslân en de wrâld!).… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (43)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33, 34, 35, 36, 37, 38, 39, 40, 41 en 42.… Lês fierder

Abe op oarlochspaad?

logo.ensafh

Jo soene it hast tinke, sjoen dit artikel op Liwwadders… Dy… nuvere tendinzen by deputearre Galema wiene my oars noch net bekind, ik haw de Fryske politike saken net altiten byhâlden. Mar it is yndied wier… Klik hjirre mar…

In hiel wichtich sitaat út Liwwadders: “een direct gevolg is wel dat het blad (de Moanne cvdw) haar redactionele onafhankelijkheid zal moeten opzeggen.”

Mear op it blog fan Cornelis van der WalLês fierder

Wat hew ik útspookt allemaal?

logo.ensafh

Nou, jimme hewwe we mie un tiedsje misse mutten…su gaat dat nou ene keer…ik hew op ut dak sitten en daar hew ik behoorlek piene bealeg fan kregen..su hew ik mie ferhouden en su meer.
Ik must de boël skildere, ut houtwerk onner ut dak en ansiën wij tweu húzens naast mekaar hewwe iddat nog un behoorlek opperflak…gelukkeg isset wel één dak…ik bedoël recht optrokken anne achterkan…de rest inne buurt hetten un Sunterklaas dak, su as wij oek nog anne foorkan hewwe. Eerst mette ladder oppet lage dakje…daar de ladder optille en dan feddes ut hoge dak op…ik hadde mien dochter der mar eventsje bijfraagd…as je omflikkere dan idder in elks gefal één bij die 112 of su belle ken.… Lês fierder

Nij boek Johan Veenstra

logo.ensafh

It nijste boek fan Johan Veenstra wurdt ein augustus presintearre yn Nijeholtpea. It boek hjit ‘Et geheim van de wiend’. It is it 22e boek fan de Stellingwerver skriuwer en giet oer in boerefamke dat fereale wurdt op in arbeider fan de Feluwe.

It boek wurdt útjûn troch de Stellingwarver Schrieversronte. Der wurde 1500 ekspimplaren printe. In dei nei de presintaasje sil Johan Veenstra syn boek ek sinjearje by boekwinkels yn Easterwâlde en Wolvegea.… Lês fierder