
Ast hiel tichtby in gletsjer stiest, sjochst pas hoe blau it ljocht skynt. Omdat gletsjeriis alle kleuren absorbearret behalve blau – dat keatst werom – is it faak blau. Hiel bysûnder om te sjen. Der binne grofwei sa’n hûnderdtûzend (…) gletsjers yn Alaska. Ik bedoel mar. Justerjûn seach ik de moanne heal oan ‘e loft boppe de bergen. De sinne gie skitterend ûnder. Dat sjochst hjir net sa faak, omdat it in soart reint yn dit griene stik fan Alaska. Doe’t Marja om healwei âlven út har wurk kaem, binne we mei de auto fuortgien om it read fan de sinne en de moanne te sjen.… Lês fierder