In eilân. Dit jier op healwei gjin tradisjonele mem-giet-alllinne-op-stap-dei nei in moaie Keunst&Kultuurstêd yn ‘e omkriten, om der efkes op út nei in fatsoenlik museum of soksawat. Harns sizze jo? No nee. No ommers OMRINkrite, in OMhinneRINstêd. It die te sear om op ‘e Skylger waadkant te stean en oer de wettergrins dy kant op te sjen. En om no as kulturele ‘break’ in deitripke Ljouwert te dwaan… Nèh.
Twa wiken op in eilân. Bêst genôch. Sa no en dan stoarm en rein mar dat paste wol. En de camping hie WiFi. Oer de digigrinzen koe ik dochs kultuer fine 🙂 En ik hie myn solorelaxdagje West, (hat teminsten noch wát oan winkels).… Lês fierder
