Als schrijvers zichzelf voorlezen

logo.ensafh

Ontvangst en representatie in de recensies van Stemmen van schrijvers

In 1959 besluit de uitgeverij Querido om iets nieuws te doen. Ze laat schrijvers hun eigen werk voordragen op grammofoonplaten en noemt deze platenreeks Stemmen van schrijvers. De eerste plaat van de reeks heet Singel 262, waarop de stemmen van zeven verschillende schrijvers te horen zijn. In totaal brengt Querido eenentwintig platen uit. In de Nederlandse pers zorgt de platenreeks voor gemengde reacties. Sommige recensenten zijn enthousiast over deze vernieuwende manier van presenteren, terwijl anderen juist kritisch zijn op de uitvoering en inhoud. Deze reacties interesseren me. Ik wil graag meer weten over de ontvangst en de representatie van deze platenreeks, maar er is nog geen uitgebreid receptieonderzoek naar gedaan.… Lês fierder

Oer de Ljouwerter Krante: it is net wat it liket…

logo.ensafh

It stie fannemoarn (19 septimber, red.) grutsk op side 25 fan’e Ljouwerter Krante:”Eerste editie van de LC uit 1752 op televisie”. En ja, ik hie it programma ek sjoen en ik hie my doe ek al fernuvere, want eksimplaren fan it earste nûmer fan’e Ljouwerter Krante binne tige seldsum. It nûmer siet yn in laadsje fan in lyts kastje dat frou Ietsje ferkeapje woe, foar € 3000, it hie fan har beppe west en dat krantenûmer koe wolris weikomme by Willem Sprenger, sa te sjen de oerpake fan Ietsjes man en dy hie fan 1875 oant 1908 direkteur west fan’e Ljouwerter Krante.… Lês fierder

Sjongtekst Jaap Slager: Carlos e Jocafi

logo.ensafh

 

 

 

[koar] Wês frij as in Fries
Sa sljucht en lyksa oprjucht as in Fries
Gjin ferlet fan in soad guod hat in Fries
Aloan bliid mei wat er hat is in Fries
As in goefries! [minskebern] Mar ik bin iensum en allinnich
En elkenien is sa rjuchtsinnich
Se binne allegear sa finnich
Ik haw noed ik haw gjin piid
Hoe kom ik paslik troch de tiid
Mank it lawaai en al dy striid
Ik bin bang, ik bin ferlern, ik bin in nul

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Jaap Slager: Ken jinsels

logo.ensafh

Anne-Sophie van Berkestijn, redakteur fan Filosofie Magazine, skriuwt yn har stikje fan 30 july:

Kinst wat oer dysels fertelle? At nimmen it freget, wit ik wa’t ik bin. At immen it freget, klap ik ticht.

Neffens my hat se de keutel dêr by de skjinne ein.

In eintsje fierder skriuwt se dat Michel Foucault al fûn dat it sels sowieso net folle yn te bringen hat oer it sels. Hy ornearre dat wy fan sosjale ramten, noarmen en ferwachtings foarme wurde; hja meitsje út hoe’t wy ússels beskriuwe.
Oars sein, de beskriuwing fan ússels is in wjergalm fan ús om-en-by. Hoenear’t wy sizze wa’t wy binne, seid er, fertelle wy dus winliks wat ús fermidden ús leard hat wichtich te finen.… Lês fierder

Bern oefenje mei Frysk dichtsjen: “Myn gedicht giet oer beppe, om’t ik in soad fan har hâld”

logo.ensafh

Wat rimet op …? Dizze fraach hold de learlingen fan groep 7 en 8 fan it IKC Sint Maarten yn Boalsert dwaande. Dêr stie moandei alles yn it ramt fan Fryske poëzy.
Learlingen dy’t har frijwillich opjûn hiene, krigen earst in workshop dichtsjen yn it Frysk.
Ien fan harren is Marije Wiersma út groep 8: “Ik skriuw oer de pleats, want ik wenje sels op in pleats. Ik fyn it in moai ûnderwerp, want ik kin der in soad oer betinke.”
Neist har sit Sinne Kramer, sy skriuwt in gedicht oer har beppe, omdat “ik in hiel soad fan beppe hâld en se in hiel soad foar my docht.”… Lês fierder

Simke Kloostermanpriis: feest foar de berneliteratuer

logo.ensafh

Ien kear yn de trije jier fiere we in feestje foar it bêste boek út de Fryske berneliteratuer. De Simke Kloostermanpriis is freed foar de fyftjinde kear útrikt. De priis gie nei Jelle en Juf skreaun troch Mirjam van Houten. Yn de Petrustsjerke yn Twizel iepene boargemaster en foarsitter fan de stifting Simke Kloostermanlien Jouke Douwe de Vries de middei. Oanwêzigen waarden traktearre op in prachtich ferhaal oer in noarske kabouter út it winnende boek, lêzen troch foarlêskampioen Yinthe de Hoop út groep 7 fan basisskoalle De Oanrin. Sjueryfoarsitter Arjan Hut spruts fol lof oer it moaiste boek fan de ôfrûne jierren: ‘Dit is de magyske tinkwrâld fan bern yn optima forma, mar op sa’n wize dat ek folwoeksen lêzers sawol ferrast as fermakke wurde.… Lês fierder