Teleks: Digitale Grutte Gedichtejûn op 5 febrewaris yn premjêre

logo.ensafh

Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren.

Dat hawwe twaentweintich dichters dien. Al dy filmkes wurde ta ien Grutte Gedichtejûn omsmeid en dy dichtersmaraton giet yn premjêre op freed 5 febrewaris om 19:30 oere op it YouTube-kanaal fan Ensafh. In ryk en bûnt ferskaat oan poëzy en filmkes! De poëzy wurdt ôfwiksele troch muzyk fan singer-songwriter Youp Boelens.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De bjusterbaarlike rêding fan de hongerdea

logo.ensafh

Oes Omroep, Oes Taal is mei in nije rubryk begûn. Se fine it dêr nammentlik tige wichtich dat de Friezen wat mear witte oer wurden dy’t hast net mear brûkt wurde. As earste ha se ‘bjusterbaarlik’ behannele, it folgjende sil ‘kerbûstich’ wurde. Ik bin bang dat se net sa djip dolle sille dat se in ferbân mei de nasjonale waardwaas lizze, dat is dan in miste kâns.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: Nieuwe bundel van Akke Brouwer heet Pleatspetear

logo.ensafh

De stichting Historia Doccumensis brengt binnenkort een poëtisch document uit onder de titel ‘PLEATSPETEAR’. De bundel is geschreven door dichteres Akke Brouwer uit Hantum en gaat over de geschiedenis van het landschap en de teloorgang van het boerenbedrijf in Noordoost-Fryslân: het wekt de plattelandscultuur op een unieke manier tot leven.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder