De byienkomst fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun yn Museum Smellingerlân waard ôfrûne snein 28 maart iepene troch Paulo Martina, direkteur fan it museum. Der wiene dizze middei sa’n fiifentritich besikers oanwêzich. Presintator Edwin de Groot dielde mei dat Arjan Hut siik wie en dêrom net komme koe. Dêrnei kundige er de earste dichteresse oan: Meintsje Brouwer. Sy skreau foar Frysk en Frij en de Fryske Bernekrante. Se publisearre ferhalen en gedichten yn kranten, literêre tydskriften, de Skriuwerskalinder en skriuwt út en troch toanielstikken en set stikken oer yn it Frysk. Se brocht diskear ûnder oare de gedichten ‘Utblaze’ en ‘Ofbliuwe’.… Lês fierder