Blog Kitty Madison: Made in Heerenveen

logo.ensafh

Mei twa batterijkes jout der lûd. Mear as trije knoppen sitte der net op. Net ‘made in China’, mar eartiids makke by ús buorlju: Dútslân. It model haw ik al sjoen yn in hifi-museum, mar hjir op myn keamer spilet er gewoan troch. Deechlike kwaliteit, dy âlde radio’s. Net stikken te krijen.

Dat kinst fan myn elektrysk rydrak net sizze.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

Blog Daam de Vries: Geen of zwak signaal

logo.ensafh

It wie juster mar in heuchlike dei foar de demokratsy. As jo demokratsy teminsten as teater besjogge en dat doch ik. Ik begjin lykwols efkes mei de telefyzje want sûnder de melding ‘Geen of zwak signaal’ hie dit bloch der net kommen.

Ynienen stie dy melding op it skerm. En ik siet nearne oan, wie dus net oan it ôfstofjen of sa. It earste wat jo dan dogge is wat oan kabels ommaneuvelje mar dy sieten allegearre goed. Dat doe ha’k de livestream fan polityk24 mar oan dien. Hjoed ha’k de tv makke.

Lês fierder by DaamLês fierder

Van Christusidentificatie tot euvelaapstraatstroo

logo.ensafh

Een eindweegs op weg in Wit licht zullen veel lezers zich mogelijk afvragen wat auteur Jaap Goedegebuure eigenlijk wil betogen. Dat we in de recente literatuur nog altijd door mystiek geïnspireerde schrijvers – de ondertitel is Poëzie en mystiek in de Nederlandse literatuur van 1890 tot nu – vinden? Dat onder hen ook literatoren zijn die niet gelovig zijn? Dat de hang naar mystiek groter is in tijden van desoriëntatie? Het zullen voor de gemiddeld geïnteresseerde literatuurliefhebber toch geen schokkende conclusies zijn. Dat het een ondergewaardeerd aspect is, wellicht?

Lês fierder by Literair NederlandLês fierder

Besprek Tsjisse Hettema ‘Hee hoo hee hoo, de leafde is as de mage fan in ko’

logo.ensafh

By guon dichters komt it as it komt en it wurk lit him net driuwe. “Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree”, fertelde Hettema my ris doe’t ik him trof op de Bûterhoeke yn Ljouwert. It begryp ‘bondeltsjediarree’ is my altiten bybleaun. Alle jierren in nije bondel, dat is faaks net hielendal fris.

Lês fierder by Arjan Hut op de side fan de Moanne… Lês fierder

It Nijs: Nije sifers oers behearsking Frysk: skriftlik wurdt it hieltyd better

logo.ensafh

It persintaazje Friezen dy’t Frysk prate en ferstean kinne, bliuwt gelyk, wylst hieltiten mear minsken Frysk lêze en skriuwe kinne. Dy trend is al jierren sichtber en hy hat him de ôfrûne jierren trochset. Dat docht bliken út de tredde ‘fluchhifking’ in ûndersyk dat de provinsje Fryslân alle fjouwer jier útfiert. De resultaten binne hjoed ferskynd yn de nije Fryske Taalatlas.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: “De fragen fan in monteur”

logo.ensafh

Soms treft men minsken dêr’t men soms ek in praatsje mei hat. Lykas foarige wike. Doe trof ik in monteur fan in ynstallaasjebedriuw. Nei’t wy it oer de tastân yn de wrâld, it kontsje fan Kylie Minogue en bûtenboardmoters hân hiene, kaam it praat op asylsikersintra. Syn bedriuw hie in kontrakt mei it COA foar ûnderhâld en reparaasje op ferskillende lokaasjes. Dat wie net altyd like noflik. Hy moast op de meast nuvere tiden opdrave, ek midden yn de nacht. En ek hiel faak foar steurings dy’t likegoed oant de oare moarns ta wachtsje kinnen hiene.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder