FREED 14 AUGUSTUS 1942 – FREED 6 NOVIMBER 2015
It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n novimbermoarn dy’t troch syn ferfeelsumens—griis, net waarm net kâld, blakstil noch stoarm—yn it echt amper fêstholden wurdt troch it ûnhâld, mar yn de literatuer in helsk avontuer foarseit. Hedzer sit yn de trein, ûnderweis fan Purmerein nei syn mem yn Grou. Yn Hilversum skowe trije froulju op de banken oan de oare kant fan it gongpaad. Se praten Frysk. Hedzer sjocht dêr net fan op want yn It Goai wenje in protte Frysksprekkende Friezen. Mar as de froulju ferromme tsjin inoar sizze: “Gelokkich hoege wy net oer te stappen,” brekt Hedzer yn it petear yn: “Wy moatte der strak wol út, dames, oars komme wy net yn it heitelân.”… Lês fierder