Blog Eeltsje Hettinga: Slauerhoff yn it Frysk – Oade – ‘Nim my op, Nirwana’

logo.ensafh

It gedicht ‘Ode’, dat begjint as in lofsang op de leafde yn al syn streamende oerfloed, fynt al rillegau op elegyske, om mar net te sizzen op bittere wize – it soe by de dichter Slauerhoff ek hast net oars – syn ein. It iennige dat it lyryske subjekt lang om let bliuwt, is de útrop: ‘Ontvang mij, Nirwana!’

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Blog Henry Baron: A Love Remembered

logo.ensafh

Today, Nov. 3, is the day I would call my mom to wish her another Happy Birthday.
I wish I could do that one more time, but she’s been gone for some years now.
I’d say: “Happy Birthday, Mom,” but often in Frisian: “Lokwinsken mei de jierdei, Mem!”
And then I’d sing to her over the phone, across the 2500 miles that separated us:
O wat zijn we heden blij,
Memke is jarig, memke is jarig!
O wat zijn we heden blij,
Memke’s verjaardag vieren wij!

Lês fierder by Henry BaronLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: “Sjongen skept in bân”

logo.ensafh

“Ja goeiemoarn, hoe is it no mei jimme? Fan herte wolkom by de radio! (Op de wize fan it Frysk folksliet)

Nee, gjin panyk, ik sil net de hiele kollum sjonge. Dat kin ik jim, en de eventueel oanwêzige hûnen mei harren gefoelige earen, net oandwaan. Mar toch is sjongen de bêste manier om fluch in sosjale bân op te bouwen, sa blykt út ûndersyk. Mei syn allen sjonge skept in bân, ien dy’t samar op freonskip útrint.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek Koos Tiemersma: ‘Einum’

logo.ensafh

Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is in unikum, de reis fan it fûgeltsje, noch noait earder hat ien fan syn soarte de oerstek weage. It bistke hat it bêst nei it sin by it Einumer Wiel, mar it is de fraach oft syn ferbliuw dêr wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar Einum en syn bewenners: it doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen.… Lês fierder