Besprek Koos Tiemersma: ‘Einum’

logo.ensafh

Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is in unikum, de reis fan it fûgeltsje, noch noait earder hat ien fan syn soarte de oerstek weage. It bistke hat it bêst nei it sin by it Einumer Wiel, mar it is de fraach oft syn ferbliuw dêr wol takomst hat, in fraach dy’t ek jildt foar Einum en syn bewenners: it doarp stiet op de nominaasje om foar it grutste part sloopt te wurden en foar de measte ynwenners liket der ek net folle perspektyf te wêzen.… Lês fierder

In psychoanalytyske stúdzje fan poëzy troch Hein de Jong

logo.ensafh

Ut persoanlike belutsenens en mei beropsmjittige saakkundigens ûndersiket Hein de Jong de haadpersoan út it gedicht ‘Fryske Tjerne’ fan Gysbert Japix. Op grûn fan de tekst analysearret hy út psycho-analytysk perspektyf de figuer Tjerne. Dêr lit er mei sjen dat skriuwen fan fiksje in foarm fan selsanalyze wêze kin dêr’t it mooglik troch is om psycho-trauma’s te ferwurkjen, inerlik ferstiivjen op te heffen en persoanlike groei te befoarderjen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Ferhaal Meindert Reitsma: Fan de man dy’t ûndersnijde

logo.ensafh

Wy wiene mei ús trijen. Wiene, want ik bin no noch allinnich oer.
Ik strompelje tusken de beammen fan it bosk troch. De rjochterfoet kloppet. Ik hie in stik fan myn t-shirt ôfskuord om it blieden tsjin te hâlden. It bloed rint der lykwols ûnderút.
Ik hâld ho by ien fan de grutste beammen en lynje der tsjinoan. Achterom sjend sjoch ik in read spoar yn de snie, mei dúdlike fuotprinten. Ien foar ien dwarrelje de snieflokken nei ûnderen en bedekke stadich de bloedprinten.

Lês fierder by it Y-Skrift fan Skanomodu… Lês fierder

De geest van de literatuur

logo.ensafh

Op 19 juli 2015 stierf Sybren Polet, net 91 jaar oud. Hij leek eeuwig jong. Niet alleen omdat hij in zijn werk het leven beschreef als een eindeloze geboorte en metamorfose, maar ook omdat hij tot zijn negentigste bleef publiceren. De elfdelige Lokiencyclus, die in 1961 begon met Breekwater, rondde hij weliswaar al in 2007 af met Bedenktijd, een prachtig, bondig en lichtvoetig melancholisch werkje waarin een stervende Lokien terugblikt en vooruitkijkt. Daarna verschenen nog vier dichtbundels, een verzameling van veertien verhalen (waarvan zes nooit eerder gepubliceerd) en een poëticaal essay, getiteld De noodzaak van het overbodige. Vooral wie Crito, ik ben de literatuur nog een haan schuldig (1986) gelezen heeft, zal hier heel wat fragmenten herkennen.… Lês fierder

Poëzij Abe de Vries: Wy houthakkers, wy waadrinners

logo.ensafh

 

Op de noardwestlikste punt fan it Europeesk plat te stean,
op lân dat hohâldt, om net oan te wizen oer te gean
yn it oanwinnend wif op en del fan slyk, mok en ril,
de see yn ’e rêch te litten, de seewyn te skrousk
foar hannen en gesicht – likegoed om in antwurd sykje,
en dan, op knibbels sinkend,
sâlte skjippestront rûke,
mongen mei bakfollen fongen snoek.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder