Schrijven maakt niet gelukkig

logo.ensafh

Van William Styron tot J.K. Rowling, de lijst van beroemde schrijvers met een depressie is lang. Schrijvers zijn gevoelig voor depressies, maar het maken van enkele gezonde keuzes kan dit risico verminderen.

Er zijn geen concrete cijfers, maar volgens onderzoeker Kay Redfield Jamison, hoogleraar psychiatrie, hebben meer schrijvers een depressie of manisch-depressiviteit vaker dan niet-schrijvers. Begrijpen waarom schrijvers depressief kunnen worden en het nemen van maatregelen om deze risico’s aan te pakken, is de beste manier om een depressie te voorkomen.

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Botoks

logo.ensafh

“Tatjana Simic is de oanlieding foar dizze kollum. Miende ik doe’t ik begûn te skriuwen. Mar eins is dat mar yndirekt it gefal. Want troch Tatjana har oanwêzigens by Jeroen Pauw, moast ik tinke oan dy kear dat ik in kuierke oer it strân makke, op in hite simmerdei.

Jo witte hoe’t soks giet. Men set in sinnebril op de noas, lûkt it liif flink yn en bongelet kwasi-ûnferskillich by de floedline del. Men pretendearret nergens spesifyk nei te sjen, mar ûndertusken scant men de badgasten, en yn it bysûnder it froulike part dêrfan.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprekken Hilda Talsma: ‘Wyn fan feroaring’ en Rommert Tjeerdsma: ‘Doutzen ûnder fjoer’

logo.ensafh

Fan ’t simmer ferskynde by Elikser Wyn fan feroaring fan Hilda Talsma, in moderne doktersroman. In doktersroman om’t de haadpersoan in dokter is, trouwe sil mei in oare dokter en fereale wurdt op ien mei net safolle oplieding.

Rommert Tjeerdsma (1943) skreau mei Doutzen ûnder fjoer (foar de KFFB) syn tredde oarlochsroman. De oare twa binne Om Doutzen (2013) en De Ferliezers(2014). Yn alle trije de romans leit it aksint op pro-Dútske sentiminten.
Dat de winners altyd gelyk hawwe, soe it motto wêze kinne fan Tjeerdsma syn trije oarlochsromans. Dêrmei jout er wat wrokkich oan dat der foar him net in wrychtich ûnderskied is tusken goed en kwea: it tafal makket út wa’t de sterkste is en de ferliezers binne ‘dus’ fout.… Lês fierder

Besprek Eric Hoekstra ‘Midfrysk Goud’

logo.ensafh

Dit is in boek dat jim lêze moatte, in boek fol prachtich moai Frysk, mei in grut en nijsgjirrich ferskaat oan sântjinde-iuwske gedichten, ferhalen, deiboekfragminten, twapetearen, sprekwurden en siswizen, yn teksten fan Gysbert Japix (waans 350ste jier fan ferstjerren wy yn 2016 bezinken), mar ek fan in tal oaren út syn tiid dy’t net minder fleurich skriuwe kinne, ûnder oaren Jacques Vredeman, Titia Brongersma, dûmny fan Hichtum, en de Boerealmanak fan 1676. Der is in soad te genietsjen yn dit boek. Dat, lês it at jim fan poëzy hâlde, of fan ryk en prachtich Frysk, at jim fan frije en wakker frijmoedige teksten hâlde, of niget hân oan lyryske en ûndogenske ferskes, eroatyske sankjes en dialogen.… Lês fierder