Besprek Jan Schotanus: Bor en de boef!

logo.ensafh

Jaap hat in bysûndere kat. Dat is Bor. Bor is gek op knopkes. En hy wit ek noch wêr ‘t se foar binne. Bor kin kofje en tee sette, de garaazjedoar iepen en ticht dwaan en hy docht it ljocht oan en út mei it kastje wat Jaap syn heit makke hat. Oare minsken kinne hast net leauwe dat Bor dat allegear kin, mar foar Jaap-en-dy is dat hiel gewoan.

Lês fierder by Tjitske van DijkLês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Eelke Lok

logo.ensafh

Op de radio hearde ik yn 1979 in donkerbrune stim dy’t dei oan dei ferslach die fan de wichtichste ûntjouwings. Net opkloppe, oerstjoer en kommersjeel rjochte, mar gewoan to the point, en Frysk. In moaie stim om nei te harkjen, in radiostim, sa’t se dat neame. Dy persoan mei dy moaie stim hat jierren boechbyld west fan ien fan de bêste Frysktalige radioprogramma’s dat der ea west hat. Op freed wie it yn huize De Jong fêste prik. ‘No stil, want It Wapen begjint!’

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Abe de Vries oer Tony Feitsma

logo.ensafh

In ‘flammedraachster’ wurdt se neamd. In ‘fjoeroanstekster’. Anthonia Feitsma (1928-2009), heechlearaar Frysk, hie in skerpe geast en dito pinne. In esseebondel bringt har neilittenskip yn kaart.

As der noch mar seis jier nei jo ferstjerren al in mânske stúdzje ferskynt oer jo wurk, dan is dat foar Fryske begripen moai op ’e tiid. Wittenskip en Beweging, in samling fan alve essees en in tal bylagen, útjûn mei stipe fan it Fûûns fwar it Frysk (dat se selsoprjochte hat), giet wiidweidich yn op de betsjutting fan it wittenskiplike wurk en it ‘bewegen’ fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). It boek befettet bydragen fan Alex Riemersma, Henk Meijering, Jarich Hoekstra, Philippus Breuker, Arjen Versloot, Jan Noordegraaf, Anne Dykstra, Hindrik Sijens, Durk Gorter, Jan Popkema en Liuwe Westra.… Lês fierder

NPE Nieuwsblog: De teksten waarmee het academisch jaar niet geopend mocht worden

logo.ensafh

Op maandag 31 augustus 2015 brak enige commotie uit over het veto dat het College van Bestuur van de Universiteit van Amsterdam uitsprak over de bijdrage van De Centrale Studentenraad (CSR) aan de opening van het academische jaar. Die bijdrage zou bestaan uit drie teksten, waaronder een gedicht over de Maagdenhuisbezetting van dichter/liedschrijver Maarten Emanuel Stok van de band Nachtschade.

Er is veel verwarring ontstaan over de precieze inhoud van de bijdrage van Nachtschade aan de opening. Nachtschade zou voor de gelegenheid een drietal stukken voordragen: een speciaal voor de gelegenheid geschreven gedicht (‘Maagdenhuisbezetting’) en twee reeds in 2014 uitgebrachte stukken (‘Mijn Stad’ en het nummer ‘Better Learn’).”… Lês fierder