Ut in protsje te katalogisearjen materiaal kaam by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam in berneboekje foar it ljocht mei oantekenings oer fjouwer Goaiïngeasters yn de jierren 1855–1857.
It boekje sels is fan 1834. It hat as titel Nieuw en vermakelijk leesboekje voor kinderen, telt santich siden yn lyts oktavo en is útjûn troch de Nijmeechske útjouwer D.J. Haspels. It giet om in wat suterich eksimplaar sûnder omslach fan de tredde druk; eardere eigners binne net bekend. Fan gjinien fan de ferskillende drukken fan it boekje wie oant no ta nammers in eksimplaar yn in gruttere bibleteek yn Nederlân beskikber.… Lês fierder