Skanomodu: Ljouwert-Fryslân 2018 as feest fan ferbining

logo.ensafh

Der wurdt in soad skreaun en sein oer 2018. Want dan is Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. It is dreech om no eksakt sizze te kinnen wêr’t dit feestje no hielendal om draait. It liket sawol as funksje te hawwen om de Europeeskheid fan ús provinsje en har haadstêd út te ljochtsjen as ek te draaien om it pronkjen mei ús Fryske eigenheid. Earlik sein, doe’t Ljouwert beneamd waard as Kulturele Haadstêd 2018, en der yn 2013 grut feest fierd waard yn de stêd, koe ik my gjin foarstelling meitsje fan wat dit no eins betsjut foar ús provinsje. Twa jier letter hear ik in soad entûsjaste, mar ek krityske lûden.… Lês fierder

Besprek Wilco Berga: ‘Allinne en yn koar’

logo.ensafh

De nije bondel fan byldzjend keunstner en skriuwer Wilco Berga is in twataligen, mei 32 gedichten yn sawol in Nederlânske as in Fryske ferzje. Inkeld de titel is mar yn ien taal: ‘Allinne en yn koar’. It is in tagonklike, muzikale bondel wurden, mei fersen dy’t op de grins fan liettekst en poëzy omdangelje.

Al bin ik net in leafhawwer fan meartalige bondels fan Fryske dichters (ik ken wol Frysk lêze) by Berga hat it in mearwearde. ‘Allinne en yn koar’ ha ik twa kear lêzen, earst yn it Frysk en in wike as wat letter nochris yn it Nederlânsk. Yn it Nederlânsk fûn ik it in bettere bondel.… Lês fierder

Frysk: it leukste fak foar de iPad

logo.ensafh

‘It is leuk, hiel maklik om te brûken én hoechst gjin boeken mei nei skoalle te tôgjen’, seit in learling fan it Singelland Lyseum. Hy leart op skoalle Frysk mei de nije digitale taalmetoade Searje 36.
Op it CSG Bogerman binne se ek bliid dat harren skoalle keazen hat foar Searje 36: ‘Do sjochst fuortendaalk wat der fout is en by toetsen hast gelyk dyn sifer.’

Lês fierder by EBLTEBLTLês fierder

Blog Johan Veenstra: Een boek!

logo.ensafh

Ik bin toch nog naor Amsterdam west en now krek weer thuus! Vandemorgen om goed half tiene bin ’k in Wolvege in te trein stapt en veur half twaelf wa’k al in de heufdstad. Tegenover me in de trein zat een jonge van een jaor of zestien in een boek te lezen! Een gewoon boek! D’r is nog hope veur disse wereld! Wel een boek over de vroegere voetbalder Wim Kieft, mar toch… een boek!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog: Outlawed Nobleman: Oscar Wilde’s Trial by Fiction

logo.ensafh

This month marks the 125th anniversary of The Picture of Dorian Gray’s publication. A delicious scandal from the first day it appeared in Lippincott’s Monthly Magazine up to the present, Oscar Wilde’s only novel is so good it has withstood the two deadliest kinds of critical reaction: absolute censure and total adoration. The censure began when a reviewer from the Scots Observer, admitting that Wilde had “brains, art, and style,” venomously dismissed Dorian Gray as a book written only for “outlawed noblemen and perverted telegraph boys.”

Lês fierder by The MillionsLês fierder