Mozart yn Fryslân
It Fries Kamer Orkest spile snein yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert mei fjouwer gastdichters. Wy (Nachtvlinder, Lara Kool, Erik de Boer en ûndertekene) sieten mei de oare solisten (harpe en fluit) op itselde rychje. Under lieding fan inisjatyfnimmer Preston Losack hiene we teksten skreaun ynspirearre op muzyk fan Mozart. Dichter bij Mozart, stiet op de posters. Leafst 250 besikers kochten in kaartsje. De jûns dêrfoar siet it Papagenohûs Fryslân op ’e Lemmer ek al fol.
Mozart hat faker Fryske dichters ynspirearre. My komt fuortendaliks Anne Feddema syn foardrachtsfers Mozart ûnderweis nei Praach yn ‘t sin.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder