Ynlieding
De resepsje fan spesifyk twatalige Frysk-Nederlânske literatuer is in fenomeen dêr’t noch mar in bytsje ûndersyk nei dien is, wat benammen komt om’t it in frij resint ferskynsel is. Namste nijsgjirriger is it om krekt dêr ris wurk fan te meitsjen.
Yn dit artikel stiet dy twataligens sintraal: ik sjoch nei de resepsje fan de trije twatalige dichtbondels fan de dichter Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974). It ûndersyk giet om de folgjende trije dichtbondels: De geboorte van het zwarte paard (2008), Angel (2008) en Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (2013). Oan de hân fan besprekken út sawol it Fryske as Nederlânske literêre fjild sjoch ik hoe’t de dichtbondels besprutsen wurde en oft der ek ferskillen en/of oerienkomsten te sinjalearjen binne.… Lês fierder