Yn Amsterdam wennet in juffrou dy’t libbet yn de 30er-jierren. Sûnder tiidmasjine. Har etaazjewente is as in museum fan it ynterbellum: in âld radio mei sa’n rútfoarmige antenne der op, it waskrek rûnom de kachel, swart-wyt-foto’s oan ‘e muorre. Readbonte flierkleden op ‘e rûchhouten flier. Op ‘e tafel wat Libelle’s út 1937. It is de tiid fan Klok-sjippe, gimmelearre pannen, in platenspiler mei sa’n slinger der oan. Muzyk fan Rina Ketty.
Lês fierdr by Kitty Madison… Lês fierder