It begûn mei it ferslach fan de Rede fan Fryslân. Dy Rede is in nommel inisjatyf fan de provinsje, wêrby’t sprekkers fan bûten de provinsjegrinzen it bestjoer in spegel foarhâlde, mei it doel om dêrfan leare te kinnen. Dizze kear wie it de beurt oan Olaf Koens, in sjoernalist fan RTL. It blykt dat Koens in part fan syn jeugd yn Fryslân trochbrocht hat. Dat hat him sa bot traumatisearre, dat er dêr noch de geastlike littekens fan meitôget. Mar yn stee fan dêr bliid om te wêzen omdat it him (blykber) ta grutte kreative hichten driuwt, spuit er der raar guod fan.… Lês fierder