Friesch Dagblad 18 maaie 2015
Mei it ferskinen fan Speerstra syn lêste boek, Op klompen troch de dessa, liket it wol as is it swijen oer Yndië lang om let en foargoed ferbrutsen. De soldaten fan doe wolle net langer it ferline yn har opbergje no’t der noch mar sa’n koart eintsje takomst is. Se moatte de ferhalen kwyt, elkoar treffe en deroer prate.
Sneintemiddei wie der yn it Lânboumuseum te Earnewâld fannijs in moaie gelegenheid ta. Goed 250 minsken – feteranen, famylje en oare belangstellenden – kamen ôf op in spesjale foarstelling Waltzing Mathilda, organisearre op inisjatyf fan Speerstra en sjonger Gerrit Breteler.… Lês fierder