Besprek Elske Kampen: ‘Man en mem’

logo.ensafh

Nei de opteine ûntfangst fan har debút Fan glês it brekken (2010) hat Elske Kampen it oandoard en kom mei in twadde bondel. Dat ferget moed, of op syn minst in poarsje selsbetrouwen. Har earsteling wie troch de kritisy de himel yn priizge, wie troch sawol sjuery as publyk bekroand mei de Fedde Schurerpriis 2012 en wie nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Men kin jin yntinke dat soks ferlammet. De ferwachtings binne ommers heech; in opfolger kin inkeld mar ôffalle. Mar nee, ek Man en mem is waarm ynhelle. En neffens my mei rjocht: de bondel oertreft Fan glês it brekken.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De mof

logo.ensafh

Reuring yn de keatswrâld. Oer in mof. Elk lit it teminsten foarkomme as soe it dêr oer gean. Ik bin dêr minder wis fan of eins leau ik der hielendal neat fan. Ik wit net wat sa’n rjochter beslute sil, mar ik soe sizze: De KNKB jout Cornelis Terpstra fuortendaliks in lisinsje foar dit jier en dan allinnich foar eigen gebrûk. Tagelyk wurdt Cornelis Terpstra tweintich wedstriden skorst. Dan wurdt beide rjocht dien al sjitte se der ek beide neat mei op.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog: Alles oer berneliteratuer yn ien boek

logo.ensafh

Wa’t wat opsykje wol oer Fryske berneliteratuer hoecht tenei net mear it hiele argyf fan Tresoar troch foar artikels. Yn it gloednije okergiele boek fan Jant van der Weg (1939) binne har wichtige artikels bondele ûnder de titel Boeken en bern, kinderliteratuur in soorten. Jant van der Weg is al jierren dé deskundige op it gebiet fan Fryske berneliteratuer.

Lês fierder by Sigrid Kingma op it Y-Skrift fan Skanomodu.… Lês fierder

Blog: Prijzen voor afgewezen manuscripten

logo.ensafh

Twee beginnende auteurs ontvingen donderdag 7 mei de Boekenmakersbendeprijs voor het beste afgewezen manuscript.
Olga Ponjee won met haar postapocalyptische young adult roman Het verdronken land in de categorie Jong talent (schrijvers onder de 35 jaar). Nynke van der Beek ontving de prijs in de categorie Ouder talent (schrijvers vanaf 35 jaar) voor het nog ongepubliceerde Amandelbloesem, een roman over een moeder met autisme.

Lês fierder by Nationale BoekenblogLês fierder