Ik bin wiis mei it nije Fryske Lieteboek: Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. It is in monumint foar Fryslân en foar de Fryske tsjerken. Mar dêr is alles net mei sein. De folsleine oersetting fan it Hollânsktalige Liedboek: Zingen en bidden in huis en kerk hat ek in serieus tekoart. By de oersetting is presys itselde model brûkt as by it Lieteboek foar de tsjerken út 1977, nammentlik in slaafske oersetting fan it Hollânske orizjineel.
Lês fierder by Hinne Wagenaar… Lês fierder