Om’t Friezen no ienris ôfstamme fan hottefilers dy’t fan de eigen terp ôf oaren de kop yn mepten mei kneppels fan drûge kowestront, is it net frjemd dat der út en troch in nije leat oan de stamme ûntsprút. Fansels ha ’k it oer it Mienisme fan Meindert Reitsma. Dy wol in frisse wyn waaie litte troch de mûzenêsten fan de Fryske skriuwerij: positiver, minder rabberij en op-de-man-spilerij, dat wurk. Fryslân soe Fryslân net wêze as der net fuortdaalks in tsjinbeweging ûntstean soe, nammentlik it Mieningisme (in streaming beneame is sa dreech net) fan Cornelis van der Wal dy’t mannen as Meindert al delsette as EO’ers mei AOW, lju dy’t braaf dwaan wolle wat ‘de autoriteiten’ sizze.… Lês fierder