De ieu fan Geert Mak syn oerpake

logo.ensafh

Geert Mak kin eins elkenien fanwege syn bestsellers. In lytse yntro is doch op syn plak om de link nei syn oerpake Ludzer Petrus van der Molen te meitsjen.

Geert Ludzer Mak waard berne yn Vlaardingen op 4 desimber 1946 as jongste bern fan de grifformearde dûmny Catrinus Mak en syn frou Geertje van der Molen. Hy is hikke en tein yn Ljouwert en Hurdegaryp en studearre yn Ljouwert oan it Grifformeard Gymnasium. Nei syn trochbraak yn 1996 mei ‘Hoe God verdween uit Jorwerd’ waard hy bekend by in breed publyk. Dit boek stie ticht by himsels en dat jildt ek foar ‘De Eeuw van Mijn Vader’ fan 1999.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Tegeltjeswijsheden op moandei

logo.ensafh

Korte lijnen a.u.b

10.34 telefoan.
‘Ja, jo prate mei … Efkes oer de ôfspraak fan 11.00. Wy ha in ferkeard ûnderdiel krigen.’
‘O, mar dat is al wat let om dat noch te melden… ik tink dat de frou al ûnderweis is.’
‘Ha jo ek in mobyl nûmer fan jo frou?’
‘Ja, mar foardat ik dat jo trochjûn ha en sa…’
‘Hoe dan ek, ik ha net it goede ûnderdiel.’
‘Leuk is dat. Wy ha der oars alles foar plend. 11.00 by jo, dêrnei de APK keuring omdat jo seinen dat er grif ôfkard wurde soe as er der sa foar kaam.… Lês fierder

Besprek Wilco Berga ‘Allinne en yn koar’/’Alleen en in koor’

logo.ensafh

Hoewol’t ik sels eins gjin poëzijlêzer bin, stie it resinsearjen fan dizze dichtbondel my wol oan. De titel ‘Allinne en yn koar’/’Alleen en in koor’ en de subtitel ‘Lûd sit my yn it bloed’ wize op muzikale eleminten yn de gedichten, en as muzikant joech my dat in bining; lûd sit my fansels ek yn it bloed. Ek it omslachskilderij, fan Berga sels, noege my wol út om te lêzen: troch de kleuren en de wat abstrakte skilderingen fan it fûgeltsje fleach ik maklik mei, de bondel yn.

Lês fierder by Wiebe Kaspers op it Y-Skrift fan Skanomodu… Lês fierder