Blog Eeltsje Hettinga: Y-skrift oer it saneamde Frysk-wêzen fan ‘opa Piet Snor’

logo.ensafh

Yn in nijsgjirrige skôging fan de biografy oer oarlochspremier Pieter S. Gerbrandy leit Jan Ybema, redakteur fan Y-skrift, hierskerp bleat hoe’t biograaf Cees Fasseur in ferbân ûnderstelt tusken persoanlikheid en folkskarakter. It Frysk-wêzen soe Gerbrandy syn persoanlikheid mei foarme hawwe. ‘Een sterk ontwikkeld individualisme, doorzettings-vermogen, vrijheidszin en emotionaliteit worden in de literatuur de meest markante karaktertrekken van de Friezen genoemd. De boerenzoon uit Goïnga [Gerbrandy, e.h.] paste met zijn leergierigheid, vasthoudendheid en eigenzinnigheid in dit profiel, zij het dat hij zijn emoties doorgaans niet uitte.’

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Blog Meindert Reitsma: In fierdere ferkenning fan it mienisme

logo.ensafh

Earder haw ik yn it essay ‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân. De opkomst fan in nije generaasje Friezen’ ôfstân dien fan guon kenmerken fan it postmodernisme en ferklearre dat ik in letpostmodernist bin. Foar de Fryske fariant fan it letpostmodernisme yntrodusearre ik in nije term: it mienisme. Yn datselde essay skreau ik ek dat sok tinken tige farsk is en dat it yn de takomst op Y-Skrift grif útboud wurde sil. Dêr wol ik no in begjin mei meitsje.

Lês fierder by Meindert Reitsma op it Y-Skrift fan Skanomodu… Lês fierder

Besprek ‘Jan en Jeltsje’ fan Auck Peanstra / Inge Adema

logo.ensafh

Jan treft it. Krekt op ‘e dei dat er him ferfeelt omt der net ien is dêr’t er mei boartsje kin, rydt der in ferhúswein de strjitte yn. Ut dy ferhúswein komme twa grutte, sterke ferhúsmannen, in hiel soad doazen en… Jeltsje. Fan no oan hat Jan altyd ien om mei te boartsjen!
As Jan en Jeltsje net by inoar binne, dan binne se nei inoar ûnderweis. Jeltsje is in pittige dame dy’t net gau benaud is en Jan is in stoere jonge, dy ‘t fansels net minder wêze wol as syn freondintsje. Se betinke en belibje fanalles tegearre. Sa sjogge se hoe ‘t in geit jonge geitsjes krijt, geane se te polstokspringen mei in reagebol en meitsje se lekkere beikes fan klaai foar op mem har krystkrâns.… Lês fierder

Blog: Jonge Oudgermanisten: bestaan die eigenlijk wel?

logo.ensafh

Stel je voor: je bent een jonge MA-student die zich wil specialiseren in de oorsprong van het middelnederlandse voegwoord. Je bent ambitieus, getalenteerd en je hebt vakken in de belangrijkste Oudgermaanse talen gevolgd. Oudengels met hordes kirrende Tolkien-fans. Gotisch met luidruchtige studenten Vergelijkende Taalwetenschap. Oudhoogduits en Oudijslands bij de enthousiast gesticulerende emeritus-professor. Nu bereid je je voor op je meesterproef en wil je je oriënteren op een toekomst in de wetenschap. Wat doe je dan? Hoe kom je in contact met andere jonge onderzoekers en met de oude rotten in het vak?

Lês fierder by Neder-LLês fierder

Blog Johannes Beers: Ekso-Linguisme

logo.ensafh

“Wy, de ynwenners fan Ieland, binne proud op de Frisian Muzyk Nacht!”

Der wie in tiid dat yn dizze kontreien mar ien taal sprutsen waard: it Frysk. Dan moatte we fansels wol in skoft werom yn de tiid, nei de Midsieuwen, mar it wie allegearre Frysk. Sljucht en rjucht.

Dernei hat it Frysk terrein ferlern. Earst oan it it Stedsfrysk en it Bildtsk, mar dat binne noch mingfoarms mei it Frysk. Fan de 19e ieu of gong it hurd. It Nederlansk hat it foarste plak fan it Frysk yn Fryslan oernommen. Fryslân waard in twatalige streek.

Lês fierder by Johannes BeersLês fierder

Blog: 20 Great Writers on Motivating Yourself To Write, No Matter What

logo.ensafh

So here’s a collection of words from writers beyond the usual suspects — writers of color, feminists, genre writers, and even a Renaissance poet — talking about the hard work of building habits, agonizing over the writing process, and wrestling with the muse. If they don’t have you waking up at dawn tomorrow with a pen and a notebook, nothing will.

Lês fierder by FlavorwireLês fierder

Blog Daam de Vries: It sintrum fan ’t sintrum

logo.ensafh

Ik nim oan dat de Sinees yn Westeinde dizze dagen wer in moai stik omset misrûn is. No hoegde ik dêr net te wêzen mar jo kinne dêr net pinne mei’t der 15 meter fierderop in jildspuier stiet. En dêr moast ik al wêze: ‘Deze automaat is tijdelijk buiten gebruik’. It is gjin ABN-AMRO mar dy noch kriminelere: ING. Wêr bliuwt Ferd Crone no mei syn sintrumfunksje middenmank de mienskip dêr’t er sa heech fan opjout? Of is Westeinde no ek ta bûtengebiet degradearre? Te min bobo’s? Tefolle gewoane huzen?

Lês fierder by DaamLês fierder