Ik fertrou it net rjocht as ik moarns op ’e tiid bûten de doar stap. It sit my efter yn ’e holle, sa’t men dat ek hat as men wit dat men wat fergetten is, mar net wit wat.
Ik hie oars wol mei him prate wollen juster, mar hy liet my dúdlik witte dat er dat net woe. ‘Ik moat der no sels útkomme, dû kinst my net mear helpe,’ hie er my te witten dien. Soksoarte bewurdingen brûkte er gauris, dat op it stuit hie ik der net folle fan makke. Mar no fan ’e moarn slûpe de wurden my stiltsjeswei as in kat yn ’e nacht yn de kop.… Lês fierder