Blog Ferdinand de Jong: Boeken fan Fryslân, boeken foar neat

logo.ensafh

Boeken mei leafde, boeken foar neat

It djiptepunt yn de Fryske boekewrâld is no wol sawat berikt. It lêste treurige projekt fan Boeken fan Fryslân, stipe troch de provinsje en in pear busbedriuwen, is wat my oanbelanget reden om dit stik te skriuwen. It is op persoanlike titel, mar sjoen in oantal telefoanpetearen dy’t ik hân ha, meie jim der fan útgean dat der mear binne dy’t it hjir net mei iens binne.

Ik sil net om de hite brij hinne draaie.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Blog Daam de Vries: BITchbeat

logo.ensafh

Juster winterjûnenocht yn Bitgum. Wy witte net rjocht de hoefolste kear dat nei de werstart yn 2009 west hat: dêr ha wy gjin boekhâlding fan. Ferslaggen dogge wy net oan. Programma’s ek net. En fan ’t jier ha wy ek gjin bestjoersgearkomste hân op de petearen yn hjir en dêr in winkel nei. Koartsein komt it der op del dat Maaike foar de kofje en tee soargje moat, ik dat ynjitte moat en Tineke foar in pear hege tafels soarget. Klaas Abe regelet de kulturele eleminten. Fierder dogge wy allegear noch in pear dingen dêr’t jo net oer hoege te fergaderjen.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: “ Ik begjin even mei in gedicht…” oer de poëzijmarathon fan ensafh yn Snits

logo.ensafh

Terwyl de 14de edisy fan de BSA gisteravend in première ging in Teater Sneek, was ik 200 meter ferderop met un fyftechtal andere dichters en poëzylovers in Café Vellinga. Dêr op dat hearlek nostalgys plak òrganisearde Frysk literêr tydskrift Ensafh foar de derde kear de PoëzyMaraton. Alle kearen wear an fyn ik dat un feestje om an met te doën.

Gisteravend was de sfear su as dy weze mut, minsen dy’t allemaal wat te fertellen hewwe, letterlek wel te ferstaan. Want der saten ok un antal tussen wêrfan’t ik docht, un bitsje mear selfkennis sú nyt ferkeard weze.

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Lang libje de Krimp!!!

logo.ensafh

“Trek naar de stad zet door’, stie in skoft lyn yn de krante. Der skynt in magnetyske wurking fan in bult libjend fleis op ien bult út te gean. In mannichte dy’t elkoar net kin, elkoar net groetet, rêstich trochgiet mei alles en net iens in berjochtsje op facebook set as bliken docht dat buorfrou in healjier dea yn it hûs njonken dat fan harren lein hat. Safolle tegels en beton dat it reinwetter net mear fuortkomme kin, dat wylst it al mar mear reine sil trochdat de ierde opwaarmet.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder