Blog Opfrysker: Fries – Frysk

logo.ensafh

Beide wurden wurde gauris ferkeard brûkt. By Fries (it Fryske wurd) giet it om in haadwurd (zelfstandig naamwoord) en dat wurdt mei in haadletter skreaun. Dat is allinnich it gefal as wy it oer in manlike ynwenner fan Fryslân hawwe. Mei in lytse letter is it in giele bakstien fan Fryske klaai. It is ek in term út ‘e boukeunst. De útspraak is yn beide gefallen in delgeand twalûd [i.ə], mei de klam op de i dus.

Lês fierder by OpfryskerLês fierder

De Moanne oer Durk van der Veen

logo.ensafh

Durk van der Veen (1965-2015, syn eigenlike namme wie Dirk) debutearre yn 2006 by Venus mei de ferhalebondel It tal mooglikheden is sawat ûneindich. It soe syn iennichste titel bliuwe. Tegearre mei Sjieuwe Borger skreau van der Veen yn de jierren njoggentich ‘Modesta’ foar De Blauwe Fedde, in fúljeton oer de nachtlike aventoeren fan Doede en syn kameraden yn it hoere- en studintemiljeu. Yn 1997 wûn er in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal ‘Yn it begjin wie der ûnskuld’.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Blog Kitty Madison: Koartingsaksje

logo.ensafh

Lêsten hie ik in skitterend pear learzens kocht. Ze binne fan moai swart lear, en hawwe blokhakken fan, efkes sjen, 8 sintimeter. Om’t ik letterlik op grutte foet libje, bin ik ôfhinklik fan spesjalisearre skuonwinkels. Yn Haarlim bygelyks. Stadich swaai ik by de ferkearsljochten de noas fan de hierauto nei de Raaks, en ryd nei de giel-swart blokte slachbeam fan de parkeargaraazje ta. Oant safier gjin probleem. Nei ien druk op ‘e knop jout de peal my sa’n parkearkaart, in tel letter kin ik ûnder de iepene beam trochride. Mei omtinken triuw ik dat kaartsje yn myn hântas, want ik moat soks net kwytreitsje.… Lês fierder

Blog Henry Baron: My translation of Speerstra’s The Comfort Bird

logo.ensafh

On Wednesday morning, 1 March 1911, the Noordam glides past the Statue of Liberty into the New York harbor. It is clear, cool, and almost windless. While Ellis Island – the island of tears – lies waiting a bit farther on, here and there a tear is already wiped away. But in the huge customs warehouses everything runs like clockwork. After three hours all passengers, except for a few with medical, administrative, or personal issues, have set foot on American soil.

Lês fierder by Henry BaronLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: Ta oantinken fan W. B. Yeats – W.H. Auden

logo.ensafh

Poëzy hat in soad famylje. By it yn memoriam dat de Russyske dichter Boris Ryzji yn 1996 foar syn ‘fadertje’ en kollega-dichter Joseph Brodsky (1940-1996) skreau – de tekst waard op dit blog ferfryske ûnder de titel ‘By de dea fan in dichter’ – skeat my Brodsky syn elegy ‘Verses on the Death of T. S. Eliot’ yn it sin.

It is in fers dat sjoen wurde kin as in broer fan it yn 1939 skreaune trijelûk ‘In memory of W.B. Yeats’ fan de Ingelsk-Amearikaanske dichter W.H. Auden (1907-1973), in treflik gedicht, klassyk ek, al wie it mar fanwegen dat iene statemint: ‘For poetry makes nothing happen’.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Efkes werom yn Simmer 2000

logo.ensafh

Gisteren was Gryt van Duinen op bezoek. Ze had het hele archief van Simmer 2000 bij zich, tenminste, wat er van over is. Drie grote JUMBO-tassen vol. Het schijnt dat het Fries Museum binnenkort aandacht gaat besteden aan Simmer 2000. Vijftien jaar na dato. Het is de tijd van nostalgie, van omzien in verwondering. Ik moet nog zien of Lwd 2018 straks net zo’n groot succes gaat worden als Simmer 2000. Gryt van Duinen had het allemaal bedacht destijds. ‘Bazin van Friesland’, zo werd ze toen wel genoemd.

Lês fierder by Huub MousLês fierder