Blog Johannes Beers: Lêste Skanoskrift

logo.ensafh

Hjoed foel it lêste Skanoskrift yn ‘e bus. It blêd fan Skanomodu, de feriening fan studinten Fryske Taal en Kultuer fan de universiteit yn Grins. De feriening is in stifting wurden en sil fan 2015 of mei in nij lûd fan him hearre litte.
Dochs bin ik wol in bytsje weemoedich. It wie it plak dêr’t ik foar it earst Frysktalige stikjes yn kwyt koe. Nei in pear kear waard ik frege in nij uterlik foar it Skanoskrift te meitsjen, dat oan’t en mei it lêste nûmer brûkt is. Ik bin bliid en grutsk dat ik diel útmakke haw fan de stúdzje sawol as fan de feriening.… Lês fierder