Trije nei it Frysk oerbrochte fersen fan Boris Ryzji, de dichter út de Oekraïenske stêd Sverdlosk, dy’t yn 1994 syn debút makke en dy’t yn 2000 ûnder mear te hearren wie op Poetry International. Anne Stoffel sette in grut tal fan syn fersen nei it Nederlânsk oer, oerweldigjende poëzy, dy’t byinoar brocht is yn de blomlêzings Wolken boven E (2004), dêr’t Stoffel yn 2005 de Aleida Schotprijs foar krige, en Afscheid in Rusland (2013). Sjoch fierders ‘Boris Ryzji, op it jiskelân fan it ûnthâld’ of ‘Boris Ryzji, dichtersreus en poète maudit.’ De hjir ferfryske gedichten komme út Afscheid in Rusland.
Lês fierder by Eeltsje Hettinga… Lês fierder