Ljouwert, 19/09/2023 – Deaslach troch autokrik. De rjochtbank yn L. hat de sechstjinjierrige Natasja Stein út de Westerein feroardiele ta trijeënheal jier selstraf plus TBS. Foarich jier sloech se har heit mei in krik de holle yn. Hy ferstoar de oare deis yn it sikehûs yn Drachten.
‘Hy hie it altiten mar oer ‘rûmte’ en ‘dû’, sei de dochter tsjin de rjochter, ‘ik waard der sljocht fan. Op skoalle yn ’e Westerein hienen wy leard om netsjes ‘romte’ en ‘do’ te sizzen.
Lês fierder by Eeltsje Hettinga… Lês fierder