Blog Ferdinand de Jong: Bôle en papieren boeken

logo.ensafh

Doe’t ik yn It Wâld opgroeide, wienen se der noch by it soad. Mar der hat in skoft west, eins miskien wol 20 jier lang, dat ik der hast nea mear ien seach. Doe’t wy dit jier in dei as wat yn België wienen, skarrelen der ek in pear om.

De lêste tiid is it hast net mear de fraach of, mar nei hoefolle tiid er him sjen lit. Ik sil it plakje net ferklappe, aanst ha wy in komplete tastream fan ferstedske betontoeristen dy’t ek wolris ‘een leuk wild diertje in de provincie’ besjen wolle. Dus bliuw dêr mar, de kâns is dochs grut dat jim him net iens sjogge, jo moatte der each foar ha en hy is rap.… Lês fierder

Besprek Mindert Wijnstra ‘De stilte fan Joachem’

logo.ensafh

Joachem kin ferskriklike goed tekenje. Hy tekenet alles wat syn eagen sjogge. Hy hat in hekel oan praten. Sterker noch: hy hat al in healjier net in wurd mear sein. Dat komt omt er stammeret. Hy hat noch leaver dat minsken lilk op him wurde omt er neat seit, dan dat se him útlaitsje. Lokkich wurdt syn freondintsje Marijke nea lilk op him.
Op in dei fynt Joachem in deade koekoek. Omt it sa ‘n bysundere fûgel is, betinkt master dat it moai wêze soe om him opstopje te litten.

Lês fierder by Tjitske van DijkLês fierder

Blog: Wat jonge schrijvers leren kunnen van Multatuli

logo.ensafh

Onlangs stelde schrijver Philip Huff in de Volkskrant dat de literatuur (uitgevers, recensenten, juryleden) vooral wordt gemaakt door oude mannen. Dit was een reactie op Joost de Vries zijn verzuchting dat jonge schrijvers niet moeten klagen. Beide schrijvers missen het punt. En zij staan daarin niet alleen. Jonge schrijvers scheiden tegenwoordig grotendeels apolitieke ontvoogdingsgeschiedenissen af. Lees das Magazin of ga naar Literaturfest. Bij jonge schrijvers is hooguit de toon rebellerend –en soms zelfs dat niet eens. Jonge literatuur is geen opstand tegen hiërarchie, hooguit tegen de eigen ondergeschiktheid. Het is kritiek op leeftijd en geslacht van recensenten, niet een bedenking bij de rol van recensies.… Lês fierder

Oersetting Wallace Stevens: It ultime gedicht is abstrakt

logo.ensafh

 

It ultime gedicht is abstrakt

Dizze dei, wêr krôlet er fan? Dy’t ûnderwiist
Oer Dizze Prachtige Wrâld Fan Us postuert him,
Brimt de planeet rôze en knicht dy ryp

En read en rjocht. De spesifike fraach – hjir docht
It spesifike antwurd op de spesifike fraach
Der net ta – de fraach docht der ta.

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder