Blog Huub Mous: De laatste avant-gardisten

logo.ensafh

… Daar las ik dat Josse ook de belangrijkste dichter van het Friese avant-garde tijdschrift Quatrebras (1954-1968) had uitgenodigd: Hessel Miedema. ‘Dy hie der gjin ferlet fan om hjir as in fossyl te kyk te stean,’ zou Miedema geantwoord hebben. Dat verbaast me niets. Ik hoor het deze eigengereide Fries zo zeggen. In het begin van de jaren zeventig heb ik Hessel Miedema in Amsterdam nog als docent meegemaakt tijdens mijn studie kunstgeschiedenis. Hessel Miedema, die volgens Wikipedia werd geboren op 21 januari 1929 in Sneek, moet inmiddels 85 jaar oud zijn. Een krasse leeftijd voor iemand die geen fossiel wil zijn, maar dat is een ander verhaal.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Mein Friesland

logo.ensafh

Justermiddei seach ik him noch sitten yn in tsjerke. It skynt dat er jûns DKV wer yn in tsjerke wie. Lokkich wie ik dêr net, mar doe’t ik fannemoarn de earste digitale side fan it klupblêd fan Ljouwert en omkriten omsloech, foel my it each op in krantekop. En ja hear, dêr wie it wer ris safier, De syktocht nei de echte Fries hie it safolste ferfolch krigen yn Huzum, Leeuwarden. No net echt it plak dat him de lêste tiid as briedplak foar… Ach lit mar.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Poëzij Eeltsje Hettinga: De opferve dei

logo.ensafh

 

Moaier as oait liket hjoed
de al omspegeljende see.
Suver âlderwetsk strykt it ljocht
de gevels op sa’t yn it sintsjen
oan de pier in frou har noch
it liif ynsmart dat it glimt fan
de oalje. Dom. Neat hat oktober
om by te setten, oars net as
in opsnolkjen fan roastige
dagen, fan gloarje like falsk as
de fasade fan ‘e pakhuzen
Ruslân en Java. Tiid lit it hert
net fan skyn feroarje dêr’t hoar
it toerlet oer de stêd daveret.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder