Blog: 50 Best Films About Writers, Ranked

logo.ensafh

There are a lot of bad movies about writers out there. At Flavorwire, we wanted to make the definitive list of the 50 Best Films about Writers of all time, with the requisite mix of biopics, book adaptations (what’s up Stephen King and John Irving), foreign films that actually feature female writers, po-mo meta surrealist studies of madness (very frequent), and the works of Woody Allen.

Lês en sjoch fierder by FlavorwireLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: It taalferniel fan Hanno Brand en de Fryske Akademy II

logo.ensafh

De baas fan de taal is de taal sels en net de oerheid. De Fryske Akademy en de taalamtners fan de provinsje spylje lykwols baas boppe baas as it om de staveringsferoaring en de standerdisearring (de standertwurdlist) giet. Net allinne in leger oan krityske wittenskippers, skriuwers, frisisten, studinten Frysk en minsken út it ûnderwiis en de media folgje de staveringskwestje mei arguseagen, dat docht ek de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). De yntegriteit fan de Fryske Akademy en de akademyske frijheid steane op it spul.

Lês fierder by Eeltsje HettingaLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: It dôve ear fan Hanno Brand en de Fryske Akademy

logo.ensafh

Yn in kultuer dy’t iepen wêze wol, heart gjin sprekferbod thús. Dochs wie dat ferline jier it gefal, doe’t yn it sjapiter fan de staveringskwestje direkteur Hanno Brand fan de Fryske Akademy (FA) syn meiwurkers dat ferbod oplei. No’t de staveringswiziging sa goed as yn kalk en semint is – de Steaten sille der yn desimber definityf oer kedize – is de Akademy oan in grut pr-offensyf begûn.

Under oaren de NOS hapte ta en pakte út mei in grut nijsartikel “Spellingcheck in het Fries.” (11/10/14). Pieter Duijff, projektredakteur by de Akademy, docht dêryn it ferset tsjin de feroarings fan de staveringsrigels en de standerdisearring (standertwurdlist) ôf mei it sizzen dat “er wat discussie is geweest.”… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Steatsgreep

logo.ensafh

Op 30 april 2013 ha ik fêststeld dat de staveringswiziging en standerdisearring hoe dan ek troch gean sil:

Al mei al is it fansels sa dúdlik as wat dat dy staveringswizigings troch gean sille. Yndividuele protesten dêr’t al in hantsjefol fan binne sille neat úthelje. It is allegear al yn kalk en semint. En sjoen de gearstallings fan de bestjoeren fan it Skriuwersboun en de FFU hoege wy fan it organisearre fjild neat te ferwachtsjen.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Henk van der Veer: nij Tryaterstik ‘In leafde ‘

logo.ensafh

Justerjûn by de premiêre fan it nije Tryaterstik ‘In leafde ‘, de toanielbewurking fan The Bridges of Madison County west. ‘ Theater Sneek voelt als een warm bad ’, wie it kommentaar fan ien fan de Tryaterminsken nei ôfrin fan de foarstelling. Dat begryp ik, at je ûntfongen wurde mei proseccobubbels & lekkere hapkes, in folle seal en allegear freonen, family en bekenden. It fielde ek goed justerjûn yn de kultuertimpel fan Snits.

Wêr’t it justerjûn om draaide wie úteraard it premiêrestik. Fielde dat ek goed? Nei ôfrin mei ferskillende minsken praten, dy’t frege en net frege harren miening joegen.

Safolle minsken, safolle mieningen.… Lês fierder